It Grut Frysk Diktee 2024

Gnyskje, nútsjesmoar en krûpelhintsje. It Grut Frysk Diktee is werom mei in nije edysje. Op tiisdei 23 april wurdt It Grut Frysk Diktee wer as fan âlds hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. It Grut Frysk Diktee 2024 wurdt op 24 april jûns útstjoerd by Omrop Fryslân. Wa’t meidwaan wol oan it diktee moat […]

Fryske Befrijingsdei 15 april

Op 15 april 1945 waard it grutste part fan Fryslân befrijd. Langer wurdt oantrúnd op in provinsjale Befrijingsdei, mar oant no ta kaam dêr suver neat fan op ‘e hispel. Mar elts jier binne der mear Friezen dy’t flagje. Stek dêrom op 15 april ek de Fryske flage út foar de Fryske Befrijingsdei.

Aaipop 2024

Peaskemoandei 1 april 2024 is der wer in Aaipop! It grutste Frysktalich festival op ierde hat wer in nijsgjirrich program foar jim yn elkoar draaid! It program foar Aaipop 2023 bekind. Fjouwer podia, achttjin artysten. Folle bak! En do kinst no kaarten bestelle. Wa wit oant yn Nijlân?