Hoe âld oft ik bin …

Hjoed beäntwurdet Tjits tegearre mei Yara de tsien fragen dy’t de sjoggers harren steld ha. Bygelyks hoe âld oft se echt is en wat har favorite fakânsje is. Mar ek oer wat har favorite bist is.

Huus en Hiem: Stellingwarver podcast

‘In de twintigste uutzending van Huus en Hiem praoten we mit Jelke Nijboer. Jelke is wethoolder in Ooststellingwarf en verantwoordelik veur sport, onderwies en wonen.’

Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing iepensteld

De leden fan de advyskommisje foar de Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing 2024 binne troch provinsje Fryslân beneamd. Untwerpers en foarmjouwers kinne har no foar de priis oanmelde dy’t foar de tolfde kear útrikt wurdt. Oanmelde kin oant en mei 1 septimber 2024. De Vredeman de Vriespriis wurdt alle jierren útrikt; it iene jier foar […]

Net ferkeard: Slakken en Soa’s

Ynhâld fan de podcast: – Arjan en Gabrielle begjinne mei in gedicht fan Sipke de Schiffart en beprate syn nijste bondel. – Sy ferkenne ek de wrâld fan Asgaard, Arjan fertelt oer syn bysûndere konneksje mei it bisteryk, fan poëzy meitsjen mei in hoanne oant it hawwen fan in bijefolk yn syn tún. – It […]

Stripboek oer kening Redbad

Redbad fan Skelte Siweris Braaksma is it alderearste byldferhaal oer de Fryske kening en is te keap yn de webwinkel fan de Afûk. Redbad is ferneamd as ‘grutste Fries ea’, mar wa wie hy? Hoe seach de bernetiid fan de kening fan Magna Frisia yn de iere midsiuwen derút? En hoe waard er letter kening? […]

De Fryske Rie siket in skriuwer (m/f)

De Fryske Rie is in aktive organisaasje dy’t as doel hat om de kulturele kontakten mei de Friezen yn Ostfriesland en Nordfriesland te ûnderhâlden en te stypjen. De trije Fryslannen foarmje mei-inoar de Ynterfryske Rie (Interfriesische Rat). It bestjoer fan de Fryske Rie fertsjintwurdiget in brede efterban mei leden dy’t út alderhande fermiddens fan it […]

Alve keamerpresintaasjes fan alve byldfertellers

Yn ’e simmer fan 2024 jout Museum Belvédère yn Oranjewâld omtinken oan it wurk fan alve Nederlânske keunstners, dy’t yn harren wurk persoanlike ûnderfiningen en oantinkens yn rigen tekeningen of skilderingen fêstlizze. Yn it wurk fan alle dielnimmende keunstners binne foarstellingen ferienfâldige ta koarte, krêftige, yllustrative en soms cartooneske bylden. Yn in protte gefallen binne […]