Stadichoan mear sinne en sa goed as wis drûch

24 july 2024 Fannacht nacht is it drûch en de leechste temperatuer sil sa’n 10 à 9 graden wêze. De matige wyn komt út it suden oant súdeasten. Moarn nimt de bewolking ta en is der jûns in lytse kâns op in bui. It wurdt wol in waarme dei, benammen middeis. Datselde waar wurdt foar freed […]

Is de Aziatyske hoarnbij gefaarlik foar de minske?

Sûnt koart komt de Aziatyske hoarnbij (hoornaar) ek yn Fryslân foar, wat wol mei de klimaatferoaring te meitsjen hawwe sil. Dy bij, dy’t ornaris yn swaarmen foarkomt, is benammen gefaarlik foar huningbijen. Hiele bijefolken kinne it slachtoffer wurde. Dêrom is de provinsje begûn om dy ynvasive eksoat te bestriden. Mar foar de minske kin de […]

Lucht, licht, loft, ljocht

Yn syn prachtige boek De ontdekking van Holland (Uitgeverij Atlas Contact, 2024) hellet Jan Brokken op side 166 de skilder Jan Hendrik Weissenbruch oan: ‘(…) Lucht en licht, dat zijn de grote tovenaars.’ Dy wurden, lucht en licht, binne oersetters soms mei oan. Dat hat tink te meitsjen mei de geheimen, de rykdom fan de […]

Moarn buien

22 july 2024 Jûn en fannacht kin it sa no en dan reine. Op ’e Iselmar waait it stevich. De minimumtemperatuer leit om de 17 graden hinne. Tiisdei wurdt in dei mei in protte bewolking, rein en tongerbuien. Letter op ’e dei komt de sinne dertroch, mar jûns let kin it wer begjinne te reinen. […]

Gedichten foar inoar skriuwe

Binne wy net romantysk? Al mear as tweintich jier preekje ik de tredde snein fan septimber yn Uithuizermeden. De tsjerke dêr hat in bysûnder moaie toer. Yn in preek oer it Heechliet sei ik ris dat de fereale jonge de hals fan syn famke fergeliket mei de Davidstoer yn Jeruzalem (4:4). Ik ornearre dat in […]

Folop simmer

19 july 2024 Nei in waarme freed bliuwt it jûn en fannacht helder en drûch. De swakke oant matige wyn is earst noch noardeastlik en komt letter út it easten. De minimumtemperatuer leit om de 15 graden hinne. Sneon is it drûch, sinnich en tige waarm. De swakke oant matige wyn komt út it súdeasten. […]

Frysktalige tsjerketsjinsten 21 july 2024

Balk It Breahûs, 9.30 oere hr. H. Gileam Drachten Fermanje, 10.00 oere br. J. Regnerus Ferwert Liudgertsjerke, 9.30 oere drs. T.R.A. Simonides Foudgum Mariatsjerke, 9.30 oere ds. A. Reitsma foto: It Breahûs, Balk

Mid-Fryslân troch

Fan Reduzum nei Haskerdiken Op 12 augustus 2021 nim ik de tried wer op om út Reduzum wei fierder te gean. Foar healwei sânen sit ik yn de trein en trije oere letter komt de bus yn Reduzum oan. De drokte fan it reizgjen falt wei en de rêst komt my noflik oan. It paad […]

In pear simmerske dagen

17 july 2024 Nei in skier begjin en in fierder sinnige dei, is it jûn aardich helder en bliuwt it drûch. Der stiet net folle wyn. Fannacht ûntstiet op plakken damp; it bliuwt drûch. De termometer sakket oan de kust nei sa’n 15 graden en mear it fêstelân yn nei 10 graden. Tongersdeitemoarn lûkt de […]

Wiegman en Williams

Twa foarnammen dy’t bot opinoar lykje: Sarina en Serena. Draachster fan de earste is in betûft trainster by it frouljusfuotbaljen. De twadde kenne we as in ferneamd Amerikaansk tennister. Lês no ris lûdop: Sarina en Serena (de twadde op syn Ingelsk). Hearre we ferskil? En wêr sit dat dan? De earste a fan Sarina sil, […]