Limburchske berne-opfang docht kennis op yn Fryslân

Op tongersdei 18 april wie der in groep fan likernôch achttjin pedagogysk en beliedsmeiwurkers fan twa berne-opfangorganisaasjes út Limburch yn Fryslân. Se hawwe op njoggen ferskillende lokaasjes fan Skik, Doomijn en Thuishuis yn en om De Jouwer west om te sjen hoe’t yn de Fryske berne-opfang mei in twatalich belied wurke wurdt. Wylst op alle […]

Rjochtbank stelt Frysk as funksje-eask

De rjochtbank Noard-Nederlân leveret yn Assen, Grins en Ljouwert de rjochtspraak yn earste oanlis yn de trije noardlike provinsjes. De rjochtbank is yn 2013 troch in wetswiziging ûntstien en bout fierder op in rike skiednis fan trije aparte rjochtbanken yn Assen, Grins en Ljouwert. Koartlyn is de presidint fan rjochtbank Noard-Nederlân fan funksje feroare. De […]

Foarbyld Waadhoeke laat ta meartalichheidskoördinatoaren foar hiel Fryslân

It Ryk stelt mei-inoar 18 miljoen euro beskikber om nije ôfspraken foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer út te fieren. Mei in moai sukses foar gemeente Waadhoeke: der wurdt € 1.7 miljoen útlutsen foar in meartalichheidskoördinator foar alle Fryske gemeenten. Waadhoeke hat as iennige gemeente sûnt 2021 al sa’n funksjonaris. De nije […]

Nij Frysk ûndersyk nei taaloerdracht yn jonge húshâldingen

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, Afûk en it European Centre for Minority Issues (ECMI) yn it Dútske Flensburg sille in grutskalich ûndersyk yn Fryslân útfiere nei taaloerdracht yn jonge húshâldingen. De Provinsje Fryslân hat in subsydzje takend oan it projekt ‘The intergenerational transmission of West Frisian: promoting multilingual child-rearing and supporting (future) […]

Nije ôfspraken foar fuortsterkjen Fryske taal en kultuer

De kommende fiif jaar ynvestearje it Ryk en de provinsje Fryslân folop yn de Fryske taal. De ôfspraken binne fêstlein yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) dy’t moandei 8 april ûndertekene is troch minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en Kommissaris fan de Kening yn Fryslân Arno Brok. It Ryk […]

Subsydzjeregeling foar Frysk ûnderwiis opnij iepen

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 9 april oant en mei 1 oktober 2024 subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Der is € 600.000,- beskikber. Op is op. De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030. Deputearre Eke Folkerts: “Mei de subsydzjeregeling Frysk foar no […]

Ynterfrysk Kongres op Sylt fan 31 maaie o/m 2 juny 2024

Fan 31 maaie o/m 2 juny 2024 wurdt troch de Ynterfryske Rie op it Waadeilân Sylt it Ynterfrysk Kongres holden. De Ynterfryske Rie is in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, oftewol de trije seksjes yn West, East en Noard. De leden besteane út de leden fan de Fryske Rieden en it foarsitterskip wikselet om de trije […]

Sjirk Eildert Bruinsma (24) nije foarsitter Ried fan de Fryske Beweging

De Ried fan de Fryske Beweging, dy’t him ynset foar de Fryske taal en kultuer, kriget in nije foarsitter. De 24-jierrige Sjirk Eildert Bruinsma út Drachten nimt it roer fan de organisaasje oer en wol in nije, positive koers farre. Mei in nije koers hopet Bruinsma de Fryske beweging nij libben yn te blazen. “Us […]

Provinsje Fryslân stipet de mienskip mei nij Iepen Mienskipsfûns

Deputearre Staten (DS) hawwe tiisdei besletten om yn dizze bestjoersperioade it nije Iepen Mienskipsfûns (IMF) foar it earst iepen te stellen. Fan 18 maart oant en mei 11 april 2024 kinne inisjatyfnimmers harren oanfraach yntsjinje. DS hawwe mei it beslút foar de earste iepenstelling in bedrach fan 1 miljoen euro beskikber steld, ferdield oer fiif […]