In besite oan it asylsikerssintrum yn Burgum

By de lêste gemeenteriedsferkiezingen krigen lokale partijen in soad stimmen. Dat hie mei te krijen mei de noed oer ymmigraasje. troch: Pier Bergsma Ymmigraasje is ien fan de ûnderwerpen dy’t Nederlanners de lêste jierren dwaande hâlde. Nederlân is no al grôtfol, mar it bedriuwslibben hat ferlet fan minsken en dy wurde foar in grut part […]

Fan 1 april ôf is de ‘West Side Story’ yn de Harmonie te sjen

Pier Bergsma Fan woansdei 1 april ôf stiet de musical West Side Story alve  kear yn de Harmonie op ‘e planken. Ut de ynformaasje, yn oersetting:  De ikoanyske musical WEST SIDE STORY komt einlings werom! It hertferskuorrende ferhaal fan in ûnmooglike leafde dy’t bloeit yn in binde-oarloch op ‘e strjitten fan New York. Yn in […]

Ulrik Huber. In Fryske tinker fan wrâldformaat

Om earlik te wêzen hie ik noch nea fan Ulrik Huber heard. Dêr kaam op 12 maart feroaring yn. De Akademy fan Frjentsjer begûn dy dei mei in nij inisjatyf: in jierlikse Huberlêzing en hie foar dizze gelegenheid in ‘swiergewicht’ útnûge, nammentlik frou Corien Prins. Sy is foarsitter fan de ‘Wetenschappelijke Raad voor het regeringsbeleid’. […]

Jan Roos – Op de skieding tusken lân en see

  Troch Pier Bergsma Wy komme graach yn Museum Belvedère. Mei goed waar kombinearje wy ús besite mei in fytstocht yn de rjochting fan Aldhoarne. Op it stuit is der yn it museum in aardige tentoanstelling mei alle foarkanten fan de literêre pockets fan De Bezige Bij. Dy útjouwerij begûn mei dy searje yn 1957. […]

Dizze kear stim ik wer op de FNP

Pier Bergsma Op 23 oktober 2025, in wike foar de Twadde Keamerferkiezingen, publisearre ik op Goeie.frl in kollum mei as opskrift: No mar ris gjin FNP. Dy begûn sa: Yn ‘e polityk giet it yn it foarste plak om it mooglike, pas dêrnei om it winsklike. Partijen moatte gjin ferwachtingen wekke dêr’t se net oan […]

Wy hawwe no al te folle minsken

Troch Pier Bergsma Wy hawwe yn Hurdegaryp in moai soarchkompleks: Bennema State, stifte yn 1661 troch Jelmer Bennema. It wie in aadlik lângoed, dat yn 1970 sloopt waard, nettsjinsteande syn rike skiednis as húsdokterspraktyk. De histoaryske tún, ûntwurpen troch Gerrit Vlaskamp, ​​is koartlyn renovearre om syn ferline te earjen. Tsjintwurdich is it in modern wen-soarchkompleks. […]

Jou Frysk omdatst joust om it Frysk

Ik kom hast alle dagen yn Burgum. Moarns betiid om 07.30 oere om der te swimmen yn ‘De  Wetterstins’. Dêr dogge se net in soad oan it Frysk, útsein dat op de húskedoarren ‘Manlju’ en ‘Froulju’ stiet en yn dy húskes wurdt útlein dat se trochspield wurde mei ‘reinwetter’. Fan dat lytse bytsje Frysk wurd […]

It lânboubelied en de loarte fan Bijke

Pier Bergsma Lykas safolle Friezen folgje ik de diskusje oer it lânboubelied fan Femke Wiersma. De belangetsjinstellingen op dat mêd binne sa grut dat it nea mooglik wêze sil om it elkenien nei it sin te meitsjen. Foargongers lykas Piet Adema en Carola Schouten leine ek ûnder fjoer. Yn 2025 wie de wearde fan de […]

Nijsgjirrige oraasje fan professor IJssennagger

Pier Bergsma Freed 6 febrewaris 2026 hold prof. dr. N.L. IJssennagger-van der Pluijm har oraasje as heechlearaar mei as titel ‘Randzaken verbinden’. Der wiene dy middei aardich wat Friezen yn de aula fan de Universiteit. Nei ôfrin trof ik Oebele Vries, dy’t jierrenlang ûndersyk dien hat en docht nei Fryske teksten út de midsiuwen (bygelyks: […]

Portretten troch Wybrand de Geest (1592 – 1663)

Pier Bergsma Wy komme geregeld yn it Fries Museum. Wy rinne by It Ferhaal fan Fryslân del, sjogge nochris om ‘e hoeke by de útstalling oer Mata Hari, mar it gie ús de lêste kear om de tentoanstelling oer de skilder Wybrand de Geest. Oangeande It Ferhaal fan Fryslân is it aardich om te melden […]