In simmerjûnkolleezje oer tafal

Pier Bergsma

Op de Akademy fan Frjenster rint op dit stuit in searje lêzingen troch wittenskippers oer tafal. Woansdeitejûn 13 augustus hold prof. dr. Douwe Breimer yn dat ferbân in lêzing oer tafallige ûntdekkingen by it ûndersyk nei genêsmiddels.

Breimer kaam mei in pear dúdlike foarbylden. It meast opfallende foarbyld is penisilline. Yn 1928 wie de Skotske dokter Alexander Fleming dwaande mei in ûndersyk nei stafylokokken, baktearjes dy’t bygelyks stienpûsten feroarsaakje kinne. Op in dei seach er dat in part fan syn baktearjes op it skaaltsje dea makke wiene troch in skimmel. En dan komt it wichtichste. Hy hie fansels tinke kinnen: “Wat spitich, ik smyt it fuort en begjin opnij”, mar hy luts in oare folle wichtiger konklúzje: nammentlik dat dy skimmel skealike baktearjes deameitsje koe.

Yn ferbân mei soksoarte konstatearringen sprekt Breimer leaver fan ‘serendipiteit’ as fan tafal. Dat Nederlânske wurd fan Frânsk komôf ferwiist nei it ferskynsel fan it ûnferwachts finen fan wat aparts by it sykjen nei wat oars. It ymplisearret in tafallige ûntdekking dy’t nuttich of weardefol is. Dêr moatst as wittenskipper wol foar iepenstean.

In oar foarbyld komt út 1998. Doe waard der al jierren ûndersyk dien nei in middel tsjin angina pectoris, sis mar ‘kramp yn it hert’. Yn 1996 kaam men derefter dat it middel sildenafil effektyf wie, mar it hie ek in oar ûnferwachts effekt. It wurke by manlju mei ereksjefersteurings. Sadwaande wurdt it fan 1998 ôf ûnder de namme fiagra troch manlju, mar ek troch froulju brûkt foar in better sekslibben.

Breimer kaam net allinne mei foarbylden fan soksoarte tafallichheden. Hy kaam ek mei oare ynformaasje út syn lange libben as heechlearaar farmakology.

Undertusken binne wy 50 jier fierder en noch altyd wurdt der in soad ûndersyk dien, mar troch minsken as Breimer witte wy ûndertusken aardich mear. Breimer hat acht earedoktoraten. Op ien fan de foto’s dy’t er sjen liet hat er in hege hoed op. Dy hearde by it doktoraat yn Upsala.

Prof. Dr. Douwe (Durk) Breimer, berne en opgroeid yn Aldemardum, studearre farmasy en helle syn doktoraat oan de Radboud Universiteit Nijmegen foar syn proefskrift oer ‘lotgevallen van slaapmiddelen in ons lichaam’. Yn 1975 waard hy heechlearaar farmakology en farmakoterapy oan de Universiteit Leiden.

Fan 2001 oant 2007 wie hy rector magnificus fan de Universiteit Leiden. Hy hat ferskate prizen krigen foar syn wittenskiplik wurk, wêrûnder acht earedoktoraten.

Nei syn pensjoen wie hy mei-oprjochter fan University Campus Friesland yn Ljouwert. Breimer is lid fan de Advysried fan de Akademy fan Frjentsjer en ien fan de inisjatyfnimmers fan it kolleezje fan heechleararen fan de Akademy.

Foar my leit “Farmacotherapie op maat”. De rede dy’t Breimer útspruts op freed 29 oktober 1976 doe’t er op jonge leeftyd al heechlearaar waard yn de farmakology oan de Ryksuniversiteit fan Leiden. Op de earste side in motto: “Sizzen is neat, mar dwaen is in ding”. In pear fan syn konklúzjes: pasjinten binne lang net altyd terapytrou, se hâlde harren net oan wat de medikaasje foarskriuwt en………. wy witte faak net persys wat in medisyn wol of net docht. Boppedat binne der grutte ferskillen tusken minsken wat dat oangiet.

Breimer begûn syn ferhaal yn 1976 mei in foarbyld út 1913 doe’t in ûndersyk dien waard nei de effekten fan in soarte fan aspirine by 300 manlju. Dêrby die bliken dat der by guon manlju al in effekt wie by 4 gram fan dat middel, mar der wiene ek guon dêr’t it pas te sjen wie by 28 gram. Breimer einige dy foardracht mei derop te wizen dat de drank op de resepsje nei ôfrin fan syn ferhaal deselde eigenskippen hat as medisinen: de iene kin der better oer as de oare.

OP woansdei 20 en 27 augustus binne de lêste kolleezjes. Sjoch: www.academiefraneker.nl.

De foto’s binne makke troch Pier Bergsma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter