De kommende tiid fertelt Arjen J. Dijkstra op Goeie.frl wat hy fynt fan twataligens yn Fryslân. Net allinnich om syn miening te jaan, mar ek as oprop oan oaren om dat sels ek te dwaan fia stimfanfryslân.frl. “Brûk dyn stim foar Fryslân en jou dyn taal de romte!”
De antwurden wurde brûkt foar it takomstplan fan Provinsjale Steaten. Se hawwe fragen lykas “Wat betsjut twataligens foar dy?” En “Wat fynsto derfan as der twa talen brûkt wurde yn winkels, bedriuwen en organisaasjes?” Dyn ynbring is wichtich om it Nederlânsk en it Frysk ek yn 2051 mei-inoar bloeie te litten.
Fraach: Wat betsjut twataligens foar dy?
Arjen: Twataligens betsjut foar my, dat ik de taal brûke kin, dy’t my it bêste leit as ik kommunisearje. Soms handiget sels my, as selsbeneamd Frysk beweger, it Hollânsk better as it Frysk. De oar soe him lykwols net ferbrekke moatte, as ik beslút om yn it Hollânsk te praten. It soe neat útmeitsje moatte as de oar dan Frysk of Biltsk werom praat. Lit elkenien prate sa’t er wol, mar lit de minderheidstaal net ûndersnije. Lis ek net op alle slakken sâlt, as immen it net hielendal goed seit, as er ris syn twadde taal brûkt. Twataligens betsjut lykwols foar my wol dat alle ynwenners fan Fryslân it Frysk prate en lêze kinne. Likegoed as it Hollânsk.