
Op myn krityske skôging fan de Warnsbetinking, sjoch Goeie.frl fan ferline wike of de Ljouwerter fan 28 septimber, kaam in reakje yn de Ljouwerter fan tiisdei 1 oktober “Wearde fan de betinking” fan Arjen Dijkstra, bestjoerslid fan De Fryske Beweging. Dat stikje begûn sa: “Ferbjustere lies ik it opinystik fan Pier Bergsma.” Hawar, hy wie it net mei my iens. Dat mei, mar spitigernôch gie er foarby oan de kearn fan myn bydrage, nammentlik dat ús memmetaal ekonomyske wearde krije moat. Dat soe pas in folsleine emansipaasje betsjutte en dat wie no just de ynfalshoeke fan myn bydrage. Ik koe it dêrom net litte om op syn stik te reagearjen. Dat waard pleatst yn de LC op 5 oktober.
Fansels hawwe wy foar de takomst fan it Frysk idealisten lykas Arjen Dijkstra nedich (Wearde fan de betinking, LC 3 oktober). Doe’t ik mei him yn it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging siet, hawwe wy ek op dat mêd goed gearwurke en mei alle wurdearring. Dêrneist hawwe wy ferlet fan realisten. Dêr rekkenje ik mysels ta.
Der is foar it Frysk in soad berikt, mar Dijkstra hat gelyk as er skriuwt dat ik net gerêst bin op de takomst. Wy hoege mar oer de skoalpleinen te rinnen fan eartiids folslein Frysktalige doarpen en nei de bern te harkjen. It bestjoer lit it der by sitte. In sprekkend foarbyld dêrfan is ús gemeente Tytsjerksteradiel. In moai en geef belied op papier, mar wol alle wiken in wiidweidige nijsbrief yn it Nederlânsk, en yn de wachtromte allinne ynformaasje yn dyselde frjemde taal, útsein in lytse oanmoediging ‘Praat mar Frysk”.
Salang’t it Frysk benammen “de taal fan it hert” is, om mei de provinsje te sprekken, haw ik in swiere holle yn de takomst. As it derop oankomt, litte de measte minsken har liede troch de ponge. Dêrom al jierren myn pleit en skriuwerij om it Frysk folle mear as no fan ekonomyske wearde te meitsjen. De Warnsbetinkingsreüny haw ik yndied eins altyd oan my foarby gean litten. Ik haw begrepen dat Jensma foar de hûndert oanwêzigen in goed ferhaal hie, mar dat hoecht net by dy stien. Boppedat binne de measte minsken leaver slaaf as dea.
Dijkstra syn reaksje kaam yn de LC fan 9 oktober “Net by dy stien”. Neffens him hammerje ik der al jierren op dat it Frysk mear ekonomyske wearde krije moat. Dat hat er goed sjoen, want dat is sa. En dan skriuwt er: “Hoe’t dat dan al moat, dat fertelt Bergsma net”. Ik haw der yn de LC net op reagearre, want men moat ek fan ophâlden witte, mar ik haw Dijkstra, “Bêste Arjen” en De Fryske Beweging, wol in mail stjoerd mei it lêste part fan in artikel út de LC fan july 2022 en dat wie net de iennige kear dat ik der yn wurd en op skrift op hammerje.
Wol it Frysk de folgjende iuw helje, dan sil der mear barre moatte. Lytse talen as it Frysk sille yn ús globalisearjende wrâld allinne oerlibje troch sichtberens yn alle rûnten fan it deistich libben en troch gebrûkswearde. Wa’t yn Fryslân wurkje wol yn soarch, ûnderwiis of iepenbier bestjoer, sil it Frysk behearskje moatte. Dan kriget it de status dy’t it fertsjinnet en is alle jild dat no oan ûnderwiis útjûn wurdt net foar in part weismiten. De oerheid hat dêr in grutte ferantwurdlikheid by, mar salang’t der Friezen binne dy’t net foar harren eigen taal opkomme, bin ik net gerêst op de takomst.
Dêr woe ik dizze diskusje mar mei ôfslute.
Pier Bergsma
1 Reaksje
Bergsma mist myn punt, dat de betinking by de Slach by Warns in funksje hat by bewustwurding oer de Fryske taal en identiteit. Krektlyk as ûnderwiis, it brûken fan de taal yn it bestjoerlik ferkear en de ekonomyske wearde in funksje hawwe. Der binne dus mear pylders nedich om it Frysk te rêden. Allinnich dy ekonomyske wearde rêdt it Frysk ek net.
Bergsma praat oer de pylder ‘ekonomyske wearde’ en makket dan al hiel gau it brechje nei iepenbier bestjoer, ûnderwiis en soarch. Der moat dus blykber in funksje-eask steld wurde oan beroppen yn dy sektoren. Dêr bin ik it hielendal mei eins. Mar hoefolle kontakt-mominten hat de gewoane Fries mei it iepenbier bestjoer? En wat is de needsaak fan Frysk skriuwen yn’e soarch? Sa’n funksje-eask is mar in lytse drop op de gloeiende plaat.
It ûnderwiis dêr leit de oerheid syn fokus op. Al kin dat noch wol wat better, lies ik okkerdeis yn it Frysk deiblêd. Myn (beheinde) ûnderfiningen mei it praten en ferstean fan it Frysk yn de soarch binne lykwols net sa min. Ik hoopje dat myn positive tinken dêroer befêstige wurdt yn de Dingtiid-lêzing op 9 novimber (https://dingtiid.frl/dingtiid-lezing-2024-frysk-yn-de-soarch/). Moai dat Dingtiid no dit tema no oppakt!
Mar wat ik eins sizze wol: it praten is de wichtichste drager fan in taal. It Frysk moat dus brûkt wurde yn it echte ekonomysk ferkear. Yn ’e winkels op ’e Nijstêd yn Ljouwert, de Foarstrjitte yn Frentsjer of de Grutte Breedstrjitte yn Dokkum dus. En fansels by dyn bank.
Ik bin benijd at Bergsma ideeën hat om dêr wat oan te dwaan. Of eins rop ik alle lêzers fan goeie.frl om te fertellen wat foar ideeën se hjir oer hawwe. Want neffens my soe hjir de fokus fan de Fryske beweging lizze moatte, de kommende jierren.