Diel dit berjocht

Sizzen is neat, dwaan is in ding

De besiker fan it popfestival dêr’t in orkaan oer húsholden hat, freget him ôf wêrom’t de organisaasje gjin meteorolooch yn tsjinst hat. It Twadde Keamerlid easket belied tsjin it pesten op skoalle. It konsultaasjeburo oerlaadt âlden mei fragelisten, protokollen en in bernedossier om risiko’s safolle mooglik yn kaart te bringen. En de boarger easket beskerming tsjin alle soarten fan tsjinslach.

Sa, mar dan rûchwei troch my oerset, begjint it boek fan Paul Frissen fan tsien jier lyn: De fatale staat. Over de politiek noodzakelijke verzoening met de tragiek. Neffens Frissen, heechlearaar bestjoerskunde, kinne wy der net mei libje dat de wrâld fûnemintele tekoartkommingen hat. Frissen is fan betinken dat de steat gjin tasizzingen dwaan moat dy’t net nei te kommen binne. Dat jout mar frustraasje.

Ik moast oan Frissen tinke doe’t ik de doelstellingen fan it Steatekomitee Frysk foarbykommen seach op de ‘Bewegingsdei’ fan De Fryske Beweging. It is allegearre mei de bêste bedoelingen betocht, mar ik bin bang dat it net wier te meitsjen is.

De Steaten fan Fryslân binne fan betinken dat it Frysk in fanselssprekkend plak hawwe moat by de minsken thús, op it wurk en yn de iepenbiere romte. Fansels moatte de Friezen harren memmetaal brûke kinne yn it kontakt mei de oerheid en yn de soarch. Fansels leare alle bern yn Fryslân de Fryske taal en fansels kinne alle Friezen Frysktalige boeken lêze of nei Frysktalige films of teäter. Fansels sette we de kommende jierren wer alles yn om dy taal te beskermjen en befoarderjen. By kultuer soe it dan gean moatte om it folgjende, alteast sa waard it sneon 29 juny presintearre:

“Fryslân is paadsljochter en in ynspirearjend foarbyld foar oare meartalige regio’s oangeande kulturele ûntwikkelingen yn in minderheidstaal. Der is in oansprekkend wurkklimaat dêr’t kulturele en literêre makkers har fierder yn ûntwikkelje kinne. In grut ferskaat oan makkers kin fan har wurk libje. It literêre en kreative netwurk yn Fryslân is sterk en hat nasjonale en ynternasjonale ferbiningen.”

No komme de frou en ik al jierren yn De Harmonie. Yn it programma foar it kommende teäterjier mei mear as 250 foarstellingen binne der mar fjouwer jûnen beskikber foar it Frysk mei de Frysktalige foarstelling ‘Krijst der safolle foar werom’ fan Pier 21. En dat net iens yn de grutte seal.

Oare kear fierder.

Pier Bergsma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter