Diel dit berjocht

Skitterje en dan wer skûlje

Ien fan de nijsgjirrichste boeken oer psychiatry is Ontregelde geesten fan Douwe Draaisma út 2006. Hy is it bekendst wurden mei syn stúdzjes en publikaasjes oer it ûnthâld, mar yn dit boek giet it oer minsken mei in sykte dy’t syn namme krige troch in persoan dy’t dy sykte as earste beskreau. De bekendsten sille James Parkinson, Alois Alzheimer, Hans Asperger en Sergei Korsakov wêze. Draaisma is in skriuwer dy’t by steat is om boeiend oer de minsken te skriuwen dy’t troch in sykte fan de harsens troffen wurde.

Doe’t ik dwaande wie mei Skitterje en skûlje, de biografy fan de dichter Jacobus Q. Smink, fûn ik it spitich dat Draaisma neat skreaun hat oer in bipolêre fersteuring, want krekt dêr waard Smink syn “ontregelde geest” troch feroarsake. Dat kin in part fan syn problematysk hâlden en dragen ferklearje. Der is in soad te finen oer sa’n fersteuring. Lykas dizze beskriuwing: “Mei in bipolêre fersteuring hat men manyske en depressive perioaden. Op in momint fielst dy hiel aktyf en fleurich of hastich. En it oare momint tige tryst en wurch.”

It falt op dat tsjintwurdich gauris nei ‘sykte’ ferwiisd wurdt as it om problematysk of ûnbegrepen gedrach giet. By it lêzen fan de biografy fan Smink hie ik it gefoel dat syn drank- en drugsgebrûk en syn problematyske relaasjes dan wol ferklearre wurde kinne troch syn fersteuring, mar oarsom sil de drank ek net holpen hawwe om stal oan syn libben te jaan.

Yn de ôfrûne twa wiken haw ik twa kear omtinken jûn oan Skitterje en skûlje. Wêr’t ik net oan ta kaam is de titel en ûndertitel. Dy aparte ûndertitel ‘Jimladream’ freget om in ferklearring. Smink wie in leafhawwer fan popband The Doors. De sjonger fan dy band is Jim Morrison. ‘Jim’ ferwiist nei it Fryske wurd ‘jimme’. ‘La’ slacht op LA (= Los Angeles) en ‘dream’ is sawol Frysk as Ingelsk. (De wûnderlike namme ‘Jimladream’ dy’t Smink ek yn syn e-mailadres brûkte en op syn auto plakte, wurdt útlein op side 51 en 52.)

De titel fan it boek is troch Hulshof betocht. In titel dy’t goed past by it wûndere libben fan dizze man. Somtiden op syn bêst en skitterje, yn it sintrum fan wrâld, kreas yn ’e klean mei poetste skuon, mar nei sa’n top rekke er yn ’e nederklits en wie er oan it skûljen foar de wrâld dy’t er mei syn kwaal net oankoe. Syn gedicht ‘Efter de gerdinen wei’ giet deroer.

It is net om ’e nocht dat it boek it motto meikrigen hat fan Francine Oomen: ’De dingen yn it libben dy’t wy it leafst ferbergje wolle, binne ek de meast universele. Sy benimme, soarge foar kontakt en ferbining mei oaren. Ekspresje is in remeedzje tsjin depresje’ (2023). (Mei soarge sil grif soargje bedoeld wêze, red.)

Efter de gerdinen wei 

As it dan inkeld is yn dyn hûs
Gjinien dy’t om dy siket as dysels
En skaad hinget as efterstallich
Snoeiwurk op it skrobberstap

It bonkerak te besoademitere
En doch in goede haal
Alles is neat en neat is alles

Wat driuwt dy en skuor
De kleden fansiden as dat fan
Dysels út wei net wol

út Sondelfal (2009), side 20

 

 

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter