
It sil yn septimber 2023 west hawwe dat Marian Hulshof my oanskeat om te freegjen oft ik mei har ris sjen woe nei de gedichten fan Jakobus Smink. Wy wenje beide yn Hurdegaryp en komme inoar út en troch tsjin. Smink en Hulshof kenne inoar fan de stúdzje Nederlânsk yn Grins yn de iere santiger jierren. Sels haw ik û.o. ek Nederlânsk studearre en dat ôfmakke oan de RUG, boppedat haw ik wol wat mei talen en oersettingen. Om dat lêste soe it benammen gean.
Hawar, ik haw yn oerlis mei Marian mei de teksten fan Smink dwaande west. Nijsgjirrich wurk, mar it foel bytiden net ta om út te finen wat de dichter bedoelde. De betsjutting fan in grut tal gedichten is mei de útjefte ‘Skitterje en skûlje – Jimladream, it libben fan in bipolêre dichter’ aardich dúdliker wurden. Dat is in fertsjinst fan dizze biografy fan Smink, mar dy leit tagelyk foar in part ek swakten fan syn dichtwurk bleat. Dêr kom ik op werom.
Ik sil hjir net wiidweidich yngean op it libben fan Smink. Hulshof hat dat yngeand yn dizze biografy beskreaun. Ofgeand op de mannichte fan minsken dy’t by de presintaasje fan it boek op 1 febrewaris yn Tresoar oanwêzich wiene, hie er gjin brek oan wurdearring. Sels koe er it net mear meimeitsje, want hy ferstoar yn jannewaris 2024. Spitigernôch draaide it yn syn lettere libben foar in grut part om drank, drugs en net te ferjitten de sigaret, dêr’t er ek mei op de omslachfoto stiet. In man mei sjarme, dat grif, dy’t deryn slagge om it mei froulju oan te lizzen, in wurdearre learaar, oersetter fan boeken út oare talen en net te ferjitten de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2013.
Dat wie foar syn dichtbondel Sondelfal. Dy haw ik hjir no foar my lizzen. Hy hat dy bondel in tapaslik motto meijûn fan sjonger Tracy Bonham ‘Wether you fall. Means nothing at all. It’s wether you get up’. It motto past dêrom sa goed by him, omdat er sels troch syn ûnregelmjittige libbenswize en ferslavingen mear as ien kear opnommen waard, mar dan nei in skoft ek wer by de wâl opklaude.
Marian Hulshof gie, doe’t er 65 waard, by him op besite. No in sitaat út de biografy dy’t dat sitaat fan Bonham wol dúdlik makket: “Ik rin efter him oan ‘Wat mankearret dy, Jacobus?’ ‘Myn longen, longûntstekking. Dêr ha ik seis wiken foar yn it sikehûs lein. Ik haw trije kwalen, STB, COPD en BS, Slecht Ter Been, Chronic Obstructive Pulmonary Disease en in Bipolêre Steurnis.’ It komt der floeiend út, krekt as dreunt er dizze trits geregeld op. It liket wol in wapenfeit” (side 125). Yn de kollum fan oare wike sil ik û.o. weromkomme op in pear fan syn gedichten.
Pier Bergsma