
Yn myn kollum fan ferline wike haw ik tasein ferslach te dwaan fan de Mercatorkonferinsje fan 7 en 8 novimber yn it Oranjehotel yn Ljouwert. Earst mar ris wat oer de organisaasje fan it kongres. Yn ien wurd perfekt, fan oankundiging oant en mei útfiering. It programma-oersjoch wie dúdlik en elkenien koe yn it ynternetboek fan abstracts fan de gearfettingen, de ynhâld fan de lêzingen besjen. Alle dielnimmers krigen tweintich minuten foar in bydrage en dêrnei wie der tsien minuten foar fragen en diskusje. Dat gie goed trochdat it tiidskema goed yn ’e gaten holden waard. Minsken dy’t dochs fan gjin ophâlden wisten, waard freonlik frege om yn it skoft fierder te praten.
Ik haw in stikmannich jierren fanwegen de Ried fan de Fryske Beweging oanwêzich west by en meidien oan de Europeeske FUEN-kongressen, oeral yn Europa. Om earlik te wêzen, haw ik dêr mear as ien kear argewaasje fan hân, omdat de organisaasje altyd wer muoite hie om de tiid yn ’e gaten te hâlden. Yn Grikelân rûn it sels sa út de hân dat it diner yn it hotel yn de problemen kaam, omdat in groep dielnimmers oeren te let fan in ekskurzje werom kaam en dat hie te foarsjen west. Ik fûn it in skande, benammen foar it personiel fan it hotel.
Hawar, hjir dus in perfekt tiidskema en sa koe in grut tal benammen jonge wittenskippers harren ferhaal dwaan. Foar it grutste part jonge froulju en oeral wei mei ûndersyk yn Poalen, Slovenië, Súd-Afrika, Nigearia, Sweden om samar in pear foarbylden te neamen. Der wiene mar in pear dielnimmers út Fryslân. Sa hie bygelyks Eabele Tjepkema fan NHL Stenden in bydrage oer it testen fan taalfeardigens fan studinten.
Wat my opfoel wie de kwaliteit fan presintaasjes. Meastal gjin gepiel mei de technyk en it wie goed te ferstean. Dat is ek in komplimint foar it Oranjehotel.
Yn de lêste gearkomste fan de freedtemiddei waard ôfskied nommen fan Cor van der Meer, jierren lang de driuwende krêft fan Mercator. Hy is ûndertusken opfolge troch Jelske Dijkstra. Sjoch foto.
Oare kear fierder.
Pier Bergsma