De Twadde Keamerleden krije meikoarten in brief fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip oer de langstudearboete dy’t it regear ynstelle wol. Mei in opinystik sortearje fjouwer Fryske studinten út harren perspektyf wei dêrop foar.
Jacob Taconis, Maarten Taconis, Sierd Wiebe Prins en Tjitte Hemstra
Al jierren ha wy it oer it tekoartkommen fan it studintelienstelsel, en mei rjocht en reden! Benammen studinten dy’t yn it tiidrek fan it lienstelsel begûn binne, krije no kear op kear wer in traap nei. Eartiids waard tasein dat de kwaliteit fan it ûnderwiis ferbettere wurde soe mei it jild dat troch it lienstelsel beskikber waard, mar dêr kaam net folle fan. No is de situaasje sa grouwélich dat der in miljard op ’e universiteiten besunige wurde moat, itjinge de kwaliteit fan it ûnderwiis krekt bot skansearret. We krije as studinten dus mear lêsten foar minder middels. De fergoeding dy’t de pechgeneraasje krijt is suver mear in mislediging as in jefte. Moai hear, sa’n fergoeding nei de stúdzje, mar dêr hast as studint neat oan as it de 22e fan ’e moanne is en dyn foarriedkast leech is. Dan dochs mar maksimaal liene en in kolossale skuld opbouwe? Wolst wol leauwe dat it sa min giet mei de mentale sûnens ûnder jongerein?
Wy begripe wis ek dat it foar de belestingbeteller net altyd goed werom te sjen is wat studinten no krekt mei al dat jild dogge. It soe fansels ek wol wat wêze as in jefte fan ’e oerheid oan ’e studint úteinlik in jefte wurdt oan de studintekroegen en -sosjéteiten. Neffens ús binne der lykwols gruttere problemen, dy’t sa gau net opfalle. De langstudearboete spilet krekt op dy problemen mear yn.
Langstudearje is gjin hobby; studinten dogge it net mei sin. Langstudearjen is fakentiids it gefolch fan in breed skala oan persoanlike omstannichheden. In studint kin mantelsoarger wêze, kin thús helpe moatte yn it bedriuw, kin siik wêze, ensfh. In syktewet foar studinten bestiet net. In langstudearboete dan mar? It soe dochs skoof en skande wêze en bestraf soks mei in boete fan € 3000,-? Of yndirekt, troch it kolleezjejild – dat op himsels de ôfrûne jierren al bot heger wurden is – no wer in ein heger te meitsjen. Dat smyt mear problemen op as dat it oplost.
Nettsjinsteande de niisneamde punten wurde de maatskiplike ferwachtingen fan studinten (en jongerein yn it generaal) al mar heger. Undernimmerskip njonken dyn stúdzje stiet goed op it CV. Dat kin bygelyks wêze yn de foarm fan in bestjoersjier by in stúdzje- of studinteferiening of it belutsen wêzen by de jongereinbeweging fan in politike partij. Dyn studintetiid is ommers de tiid om dy op dyn takomst te oriïntearjen en om yn dat ramt bestjoerlike, organisatoaryske en ûndernimmersûnderfining op te dwaan. Sokke ûnderfiningen binne foarmjend en drage de rest fan dyn libben by oan dyn funksjonearjen yn bedriuwen, organisaasjes en de maatskippij. Mei in langstudearboete, mar likegoed mei in fierdere ferheging fan it kolleezjejild wurdt it studinten allinnich mar dreger makke om foar sa’n ûnderfining te kiezen, wylst dat krekt sa weardefol wêze kin.
Dan wize wy graach noch op de grutte maatskiplike fraach nei leararen, soarchpersoniel, technisy ensafuorthinne dy’t mei it foarnommen belied tsjinwurke wurdt. As wy minksken oantrúnje wolle om oan sa’n stúdzje te begjinnen, binne we wol knap beroerd dwaande wannear’t wy de finansjele drompel om te studearjen sa’n ein heger meitsje. Benammen jongerein út in earmer miljeu ha wol gauris net it jild of de finansjele wissichheid om te studearjen, lit stean as dy wissichheid noch fierder ôfnimt. Dy ûngelike kânsen yn ’e maatskippij kinst op gjin oar plak sa goed as yn it ûnderwiis tsjingean, just troch yn it ûnderwiis de tagongsdrompel leech te hâlden. Mei in langstudearboete pakst dan ek krekt dy studinten oan, dy’t de stipe it meast nedich binne. We sjogge no al gauris dat studinten earder ophâlde mei studearjen as dat se wolle soene, en hoe faak hearre wy om ús hinne wol net dat it finansjeel efkes net goed rint?
Wy, as skriuwers fan dit brief, ha ek net oan it ideale byld fan ús nije kabinet foldien: wy binne aktyf by in studinteferiening, dogge bestjoersûnderfining op, binne polityk aktyf of wurkje njonken de stúdzje. Dochs binne wy fan betinken dat it in goede kar wie om te kiezen foar persoanlike groei en ûntjouwing, likegoed as dat wy tinke dat de maatskippij dêr op ‘e lange termyn wat oan hawwe sil. Wy soene troch it nije kabinet dan wol as ‘’langstudearjende sûplappen’’ sjoen wurde kinne, wy meitsje ús yn ús studintetiid al hurd foar de Fryske taal en kultuer: by Bernlef, by Fryske ynstânsjes, yn de stúdzje en yn de polityk. Sa’n soad jonge minsken dy’t harren dwaande hâlde mei it Frysk binne der spitigernôch net; de drompel om dy yn dyn studintetiid foar ús taal en kultuer yn te setten moat net noch heger wurde. Dan is it noch sa moai dat der mear mei de nije BFTK mear jild komt foar de Fryske saak, mar as it Fryske fjild fan de takomst fuorttreitere wurdt mei soksoarte boeten, is dat jild lang om let ferlern. Wy sizze: fuort mei de langstudearboete, jou elkenien in earlike kâns.