Trump en de ‘massaminsken’

Ien fan de presidinsjele foto’s fan Donald Trump

In soad minsken hawwe har ôffrege hoe’t it mooglik wie dat Trump foar de twadde kear oan ’e macht kaam. Dêr is in soad oer skreaun: it swakke optreden fan de âlde Biden, Harris, dy’t dêrtroch te let “lansearre” waard, it aparte Amerikaanske systeem fan de kiesmannen, want it ferskil yn it totaal tal stimmen tusken Trump en Harris wie úteinlik mar lyts.

Wat mei de trochslach joech, is grif dat Trump, ek al is it in feroardiele krimineel, in soad minsken oansprekt as sterke man, dy’t by steat wêze sil om alle problemen op te lossen. Sa kom ik werom op Ortega y Gasset yn myn kollum fan ferline wike. Doe skreau ik:

Yn dat ferbân is it nijsgjirrich om ris te sjen nei in lytse hûndert jier lyn en wol nei José Ortega y Gasset (1883-1955). Yn 1930 kaam syn La rebelion de las masas út. It wie in delslach fan in tal artikels dy’t Ortega ein tweintiger jierren foar it deiblêd El Sol skreaun hie. Syn boek kaam yn 1933 yn Nederlân út as De opstand der hordenSûnt 2015 is der in nije oersetting mei de tapasliker titel De opstand van de massamens, want dat ‘massamens’ wêzen is in gefaar foar ús allegearre.”

Ortega is negatyf oer de ‘massaminsken’ dy’t har troch lju as Trump liede litte. Sa foel my in passaazje op yn it boek dy’t maklik yn ferbân te bringen is mei dy ûnbegryplike en misdiedige bestoarming fan it Kapitool op 6 jannewaris 2021 mei Donald Trump as oanjager.

“Wanneer de ongeleide massa zelfstandig in actie komt, doet ze dat op de enige manier die ze tot haar beschikking heeft: door te lynchen. Het is niet helemaal toevallig dat de wet van Lynch uit Amerika komt, aangezien Amerika in zekere zin het paradijs van de massamens is” (side 148)       

It soe al te maklik wêze om te tinken dat dy ‘massamens’ allinne yn Amearika te finen is. Wy sjogge op it stuit oeral yn de wrâld de ferlieding fan ‘sterke‘ politisy dy’t in soad tasizze sûnder dat wier te meitsjen of de demokrasy ûnderút helje. Sa rint ek in part fan it kiezersfolk yn ús eigen lân by de folgjende ferkiezingen wer efter nije ferlossers oan.

In oar gefaar dat Ortega sinjalearret is dat in mearderheid gjin each hat foar de belangen fan minderheden. Dat sil yn Nederlân mei ús koälysjeregearingen tafalle, mar Ortega hie it bewiis sjen kind mei de útslach fan de lêste ferkiezingen yn Amearika.

Ortega jout yn syn artikels grut gewicht oan sjoernalisten, want dy hawwe de macht om minsken earlike en betroubere foarljochting te jaan. Minstens sa’n grut belang hawwe politisy, dy’t yn harren hâlden en dragen in foarbyld wêze moatte foar it folk dat se liede. Der liket it no op in soad plakken net op, mar der komme grif oare en bettere tiden. Sokken as Trump hawwe it ivige libben ek net.

Pier Bergsma

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter