Wurd aktyf en doch mei!

Simmer 2024

De redaksje fan goeie.frl siket dy! Hasto skriuwnocht en wolsto geregeld in bydrage publisearje op www.goeie.frl ? Nim dan no kontakt mei ús op fia redaksje@goeie.frl

Oer goeie.frl
Wy diele de rykdom fan Fryslân op it mêd fan (streek)talen, kultuer en alles wat der spilet yn de mienskip, net allinne fia ús side mar ek fia de sosjale media. Dêr hat de redaksje kontakt foar mei ferskate organisaasjes en inisjativen yn Fryslân. De redaksje makket in seleksje út wat der ynkommen is, mar sil ek sels útplúzje wat der spilet. Dêrfoar geane wy út fan ‘it gewoane bysûndere en it bysûndere gewoane.’ Goeie.frl is in inisjatyf fan De Fryske Beweging.

Oer dy

  • Do hast skriuwersnocht,
  • bist – by foarkar – Frysksinnich,
  • do begrypst de de gjalp Foar de Rykdom fan Fryslân: it giet om ‘leafhawwe’ en minsken diele litte yn dat wat gewoan mar ek bysûnder is en
  • do kinst in lykwicht oanbringe yn it oanbod fan berjochten/bydragen, troch dyn foarkar op it mêd fan ûnderwerpen.

Wat biede wy

  • in poadium om dyn skriuwstyl (fierder) te ûntwikkeljen;
  • in nijsgjirrich netwurk fan Fryske skriuwers, kollumnisten en floggers;
  • in mooglikheid om stikken te dielen ûnder in grut publyk;
  • in frijwilligers- of reiskostefergoeding.

Wat wy sykje
Op it stuit binne wy op ’e siik nei minsken dy’t passe by dizze profylsketsen.

A. De brede kultuerleafhawwer mei ynteresse foar de brede kultuer yn Fryslân. Immen dy’t niget hat foar alle (Fryske) kultuer en each hat foar de lytsere peareltsjes, faak droegen troch en út de mienskip wei (community art).

B. De leafhawwer fan de Tredde Helte – in alternatieve sportferslachjouwer mei in hert foar de sport yn Fryslân, lyts en grut. Is perfoarst net in ‘langs-de-lijnferslachjouwer’ en docht ek net oan skoareboerdsjoernalistyk. Hy/sy is sfearfiner en yn it skriuwen sfearmakker.

C. De naïve natuerleafhawwer, dy’t oeral wat opbloeien sjocht. Wy sykje immen dy’t de natuer net ferjuridisearret en net biologysk ferklearret, mar har/him fernuveret oer alles wat groeit en bloeit. Hy/sy hat in noas foar nijsgjirrich natuernijs sûnder beliedskaders. Leafhawwer, mar ek wreed: échte natuer giet om libben en dea.

D. In Fryske roadie – Hy/sy sit yn de organisaasje fan in evenement of is diel fan de organisaasje fan in jong Frysk muzyktalint. Wit earder as in museumdirekteur of programmeur wat nij is, wat wurket en wat it goed docht by in (jong) publyk. Wit alles fan de populêre kultuer, skriuwt ek sa, mar sjocht ek it ûnderskied as in kultuerynstelling fan oansjen in nije koers útset, om der dan op Goeie.frl nijsgjirrich oer te fertellen.

Nim kontakt op fia op fia redaksje@goeie.frl

Fragen oer dizze fakatueres? Mail mei Pieter de Zwart: pieterdezwart@defryskebeweging.frl