Diel dit berjocht

Fergees bernefeest yn it Prinsessehof yn Ljouwert

Op snein 16 juny binne alle bern wolkom op it grutte feest fan prinsesse Maria Louise yn har stedpaleis, it Prinsessehof. Utrist yn harren moaiste kostúm wurdt op keninklike wize dûnse, nifele en feest fierd. Fan prinsen en prinsessen oant seemearmanlju, spider-froulju en oare (mearkes)figueren; elkenien is fan herten wolkom.

Foto: Ruben van Vliet

De prinse- en prinsessedei wurdt organisearre yn gearwurking mei Prinsetúnkonserten en is it gaadlikst foar bern fan 4 o/m 8 jier, en yn it bysûnder de heiten yn ferbân mei Heitedei; dy binne ek fan herten wolkom op fertoan fan harren prinzen en prinsessen. It feest wurdt fan 12.00 oant 18.00 oere holden en is fergees. De gasten moatte har wol fan tefoaren oanmelde. In fergees tiidslot is te reservearjen en mear ynformaasje is te finen op princessehof.nl/kinderfeest.

Programma
It feest begjint by de muzykkoepel yn ’e Prinsetún mei de keninklike foarstelling Koning & Koning fan Jeugdteäter Hofplein. Yn in grutte feestlike parade kuierje de gasten mei-inoar nei it stedspaleis. Yn ’e tún fan it Prinsessehof binne ferskate aktiviteiten te dwaan. Meitsje in eigen hobbyhynder, ynspirearre op de útstalling Porsleinkoarts, en lis dan op it stokhynder in parkoers ôf. Gean op ’e foto mei de prinsesse, beoefenje ferskate sirkusûnderdielen, bak taartsjes yn ’e keninklike teesalon en dûnsje op ’e moaiste muzyk. It hynder fan Maria Louise, merry Louise, nimt alle prinzen en prinsessen mei op in kletterjende rûnlieding troch it stedspaleis en lit dêr de moaiste keramiken foarwerpen sjen.

Koning & Koning
It stik, basearre op it printeboek mei deselde namme fan Linda de Haan en Stern Nijland, is in fleurich ferhaal oer de leafde. Yn ’e foarstelling fan Jeugdteäter Hofplein giet de âlde keninginne mei pensjoen en dêrom moat de kroanprins boaskje. Hy hat allinnich noch nea in aardige prinsesse moete. De keninginne nûget prinsessen fan oer de hiele wrâld út, mar gjin ien fan harren makket yndruk op de prins. Oant prinsesse Madelief har broer meinimt. De prins falt as in blok foar de oare prins en in houlik folget. De prinzen libje noch lang en lokkich as Kening & Kening.

Foto: Marchje Andringa

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter