€ 1,35 miljoen ekstra foar ferduorsumjen en restaurearjen fan Frysk erfgoed

De provinsje Fryslân, it Nationaal Restauratiefonds en in Frysk privaat fûns stelle mei-inoar € 1,35 miljoen ekstra beskikber foar it Kultuerfûns foar Monuminten yn Fryslân. Fan febrewaris 2025 ôf kinne eigeners wer in liening tsjin geunstige betingsten oanfreegje by it Restauraasjefûns foar it ferduorsumjen, restaurearjen en/of werbestimmen fan lokaal beskerme monuminten yn Fryslân.

It Kultuerfûns foar Monuminten Fryslân stipet eigeners fan lokaal beskerme monuminten, lykas gemeentlike en opfallende gebouwen. Dêr wurdt in ympuls oan in oantreklike en leefbere omjouwing mei jûn. Yn de ôfrûne tweintich jier hat it fûns yn Fryslân hast € 6 miljoen oan lieningen mei lege rinte jûn. Sa hat bygelyks it molkfabryk yn Ljussens in nije bestimming krigen. De stoarting yn it fûns (€ 1.000.000,- fan de provinsje en de oanfolling fan € 250.000,- troch it Restauraasjefûns) slute oan by it duorsumens- en erfgoedbelied fan de provinsje Fryslân.

Grutte belangstelling
Troch de grutte belangstelling foar in liening út it fûns is dat ekstra bedrach foar it fûns tige wolkom. Sa kinne op ’e nij eigeners fan lokaal beskerme erfgoed yn Fryslân by harren plannen stipe wurde. Dêrneist draacht dy duorsume foarm fan finansiering ek by oan de kontinuïteit fan it fûns. Rinte en ôflossing floeie nammentlik wer yn it fûns werom. Dêrtroch kinne oare eigeners ek wer holpen wurde by de restauraasje en it ferduorsumjen fan harren gebou.

Foto: Suvelfabryk Ljussens (Provinsje Fryslân)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter