Fjouwerlanne wedstriid FRYSK! op skip yn Koudum

Op sneon 15 novimber is der yn Koudum in fjouwerlannewedstriid FRYSK! tusken spilers út Italië, Ierlân, Tsjechië en Fryslân.

FRYSK! is damjen neffens de Fryske regels mei fiif skiven de spiler. Dy nije tinksport is yn 2015 ûntwikkele yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân en yntusken yn tal fan lannen populêr. Wrâldkampioenskippen wurde holden sûnt 2016. Fjouwer jier lyn namen inkelde Italiaanske spilers it inisjatyf om in ynternasjonale League op te setten, dêryn’t ferskate farianten fan de damsport holden wurde: Italiaansk, Tsjechysk, Ingelsk en FRYSK! Benammen troch de ynspanningen fan de Italiaanske jeugdtrainer en wedstriidspiler Paolo Faleo út Aosta is FRYSK! no ek trochkrongen yn Ierlân en komme no foar it earst Ierske tinksporters nei Fryslân ta om FRYSK! te spyljen.

It tinksportevenemint omfettet twa ûnderdielen. Trije teams fan folwoeksen spilers spylje in fjouwerkamp yn FRYSK!, Italiaansk, Tsjechysk en Ingelsk damjen. Trije jeugdteams spylje de hiele dei FRYSK! De jeugdteams komme út Ierlân, Italië en Fryslân, de folwoeksen teams út Italië, Tsjechië en Fryslân. De teams binne te gast op de Magnifique fan Walter van Berkum út Koudum. Dat is in hotelskip. De organisaasje is yn hannen fan it Dambûn Frysk Spul.

 

De útslach is no is ek bekend:

Plak Namme   Score
1 Taeke Kooistra, 6 20.00

2-3 Liuwe Westra, 4.5 16.25
Yassin Ghodbhani, 4.5 13.75

4-9 Herman Terwischa-van Scheltinga, 4 13.00
Paolo Faleo, 4 13.00
Tommaso Lodato, 4 13.00
Elia Cantatore, 4 11.50
Davide Gemma, 4 11.00
Milan Sip, 4 7.50

10 Filip Kareta, 3.5 7.00

11-17 Cristina Bergonzo, 3 9.00
Nathan Censi, 3 9.00
Ian Censi, 3 8.75
Václav Krista, 3 8.00
Sjouke Attema, 3 7.00
Siebren Dyk, 3 5.75
Páidí Breen, 3 4.00

18-21 Lina Napoletano, 2.5 6.25
Harry Kaspers, 2.5 6.00
Nadya Chyzhevska, 2.5 4.00
Micha Donegan, 2.5 3.25

22-25 Miryam Faleo, 2 3.50
Kenny Bolger, 2 3.00
Sara Donegan, 2 2.50
Seoidín Breen, 2 2.00

26 Mairéad Breen, 1.5 1.00

27 Darcy Donegan, 1 3.00

28 Cian Bolger, 0 0.00

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter