Op freed 31 jannewaris 2025 wurdt de twadde Genoatskipslêzing fan it Keninklik Frysk Genoatskip (oprjochte yn 1827) holden, mei Leo Lucassen as sprekker oer it tema Migraasje as DNA fan (Noard-)Nederlân. Bûten in algemiene skôging oer migraasje as fenomeen yn ús histoaryske en hjoeddeiske werklikheid, sil Lucassen sprekke oer de ‘Frieslandganger’ yn de 17-19e iuw, de trek fan Fryske migranten nei Amsterdam oan de ein fan de 19e iuw, ynkertearre bûtenlânske militêren yn 1914 en Molukkers yn De Fochtel.
Pref. dr. Leo Lucassen (Meijel, 1959) is histoarikus, heechlearaar sosjale skiednis oan de Universiteit Leiden en direkteur fan it Ynternasjonaal Ynstitút foar Sosjale Skiednis (IISG) yn Amsterdam. Nei syn proefskrift En men noemde hen zigeuners. De geschiedenis van Kaldarasch, Ursari. Lowara en Sindi in Nederland 1750-1944 (1990} spesjalisearre er him yn de skiednis fan migraasje, yntegraasje en stedsskiednis. Syn learstoel oan de Universiteit Leiden hâldt foaral de tematyk fan mondiale arbeids- en migraasjeskiednis yn, dêr’t er by iveret foar in ynterdissiplinêre oanpak. Faak leveret er in bydrage oan it publike debat oer migraasje en is er sichtber yn de media. In soad publikaasjes ferskynden fan syn hân, ûnder mear boeken oer fiif iuwen migraasje, wrâldskiednis fan Nederlân en migraasje as DNA fan Amsterdam. Lucassen is lid fan de Academia Europaea en de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen.
Programma:
13:30 Ynrin mei kofje / tee
14:00 Iepening troch Joop Koopmans (foarsitter KFG)
14:05 Yntroduksje fan de sprekker troch Annemieke Galema (bestjoerslid KFG)
14:15 Leo Lucassen: ‘Migratie als DNA van (Noord-)Nederland’
15:00 Skoft
15:30 Fragen en diskusje
16:00 Sluting en nei ôfrin buorrel
Plak: Tresoar, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert (sawat 15 minuten te rinnen fan it stasjon ôf; parkeargaraazje ‘Oldehove’ foar de doar)
Oanmelde: Uterlik 27 jannewaris 2025 fia info@friesgenootschap.nl tagelyk mei beteljen fan € 7,50 (foar KFG-leden en studinten: € 5) op bankrekken NL33ABNA0450289001 o.n.f. Keninklik Frysk Genoatskip yn Ljouwert. It evenemint wurdt stipe troch Tresoar, Literatuermuseum, biblioteek en argyf Fryslân.
Foto: Pref. dr. Leo Lucassen (boarne: Keninklik Frysk Genoatskip)