Jelle Wiersma (GM) net te bedamjen

Hear en Grutmaster op it boerd mei de hûndert fjilden is de grutmaster Jelle Wiersma fan Wommels. Oan ’e rige fan acht winnende partijen yn it Fryslân Iepen heakke er noch ris trije kear winst ta yn it grutmastertoernoai. Syn styl fan spyljen is net te benaud en oantreklik, en dat makket dat syn tsjinstanners alle wedstriden wer swier ûnder druk set wurde. It Fryslân Iepen 2025 hat dêrmei dan ek in terjochte winner.

Masterfinale: Groenveld (l.) – Kosobudzki (foto: Stifting WFD)

Foeke Tiemensma fan Frjentsjer koe allinnich mar respektfol bûge, mar troch syn twa oare oerwinningen op Liuwe Westra en Hein de Vries waard dochs in twadde plak behelle dat bêst genôch wie. Liuwe Westra dy’t foar it earst yn syn karriêre yn de grutmasterklasse útkaam, liet sjen dat er it yngewikkelde iepeningsspul goed behearske, mar skeat faak krekt te koart yn it dreech te berekkenjen einspul. Hein de Vries fan Ljouwert behelle ien oerwinning tsjin de nijkommer Westra.

Yn de mastergroep waarden komplekse partijen ek net út de wei gien en ferskynden der geregeld yngewikkelde slachwurken op it boerd dy’t dan faak de partij útmakken. Taeke Kooistra wie dêr dúdlik de sterkste. De Poal Łukasz Kosobudzki spile ek tige sterk en syn styl fan spyljen is kampioensweardich. De Jutriper Folkert Groenveld liet hjir de finalist Willem Dijkstra krekt achter him omdat Dijkstra de konsekwinsjes fan in yn gong setten kombinaasje net goed oerseach.

Grutmasterfinale: Wiersma (l.) – Westra (foto: Stifting WFD)

Tagelyk mei de finales waarden de lêste kwalifikaasjepartijen yn de eardere Botniastins, it hjoeddeiske Theater De Koornbeurs, ôfwurke foar de lêste plakken foar it wrâldkampioenskip FRYSK! Pas nei hast sân oeren spyljen waard dúdlik wa’t snein meidwaan meie oan it achtste WK FRYSK! Dy jongste fariant fan it damspul wurdt benammen yn it bûtenlân mei iepen earms ûntfongen. FRYSK! wurdt mear as strategysk boerdspul sjoen, is fluch te learen, eaget ienfâldich mar herberget in kompleksiteit lykas fan it skaakspul. Der diene dit kear tolve Italiaanske spilers oan mei.

Play-off FRYSK!: f.l.n.r. Paolo Faleo (Italië), Patrick Casaril (België), Francesco Zappia (Italië), Petra Dušková (Tsjechië) (foto: Stifting WFD)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter