Op freed 11 april organisearret it Keninklik Frysk Genoatskip mei de redaksje fan De Vrije Fries, Tresoar en de Fryske Akademy it KFG-Sieperdasympoasium oer Fryske kontakten yn de ôfrûne iuw oer de wrâld hinne.
Hûndert jier lyn waard it earste Grut Frysk Kongres hâlden om de bannen tusken de trije Fryslannen oan te heljen. It gie dêr foar in part by om nostalgy, mar ek om fierdere fersteviging fan de Fryske Beweging. Yn dy jierren wiene der mear inisjativen om Fryske kontakten bûten de provinsje oan te heljen. Yn 1923 waard it Frysk Boun om Utens (wer)oprjochte, sadat minsken fier fan hûs it Fryskeigene hoedzje koene. Sa’n ferlet wie ek al rillegau ûnder lânferhuzers yn Noard-Amearika ûntstien. Yn 1925 waard yn Grins de Fryske studinteferiening Bernlef oprjochte om as Friezen ûnderinoar kontakt te hâlden.
Op it sympoasium wurdt it tema yn in Europeesk perspektyf set, want it wie net unyk wat de Friezen diene. Der wie ek de beweging dy’t de Europeeske naasjes tichter byinoar bringe woe: de Paneuropeeske Uny, oprjochte yn 1923. In stikmannich kundige sprekkers sil op dit sympoasium it opfallende ferlet oan ferbining fan sa’n hûndert jier lyn ûndersykje en mooglik ferklearje. Sy besjogge ek wat de trochwurking fan de Fryske kontakten nei de oarloch west hat, ek mei oare taalminderheden yn Europa.
Programma
13:00 Ynrin mei kofje en tee
13.30 Iepening en wolkom troch Joop Koopmans (foarsitter KFG en sympoasiumfoarsitter)
13:40 Jelle Krol, ‘De Grutfryske Kongressen yn it ynterbellum’
14:05 Ine Megens, ‘Tussen hoop en vrees: Nationale minderheden en Europese samenwerking na de Eerste Wereldoorlog’
14:30 Jurjen van der Weg, ‘100 jier Bernlef (1925-2025): Fryske stúdzje, Fryske aksje of Fryske wille?’
14:55 Skoft
15:15 Jelte Olthof en Peter Postma, ‘Wrâldfriezen: De Amerikaanse Droom van een Greater Fryslân tijdens en na de Tweede Wereldoorlog’
15:40 Alex Riemersma, ‘Fryske spinnen yn it web fan de Europeeske minderheidstalen sûnt 1980’
16:05 Diskusje
16:25 Sluting
16:30 Buorrel
Wêr: Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert);
Wannear: freed 11 april (13:30-17:00 oere);
Oanmelde: uterlik 8 april 2025 op info@friesgenootschap.nl (tagelyk mei beteljen);
Kosten: € 5,- foar KFG-leden en studinten en € 7,50 foar oare belangstellenden, oer te meitsjen op bankrekken NL33ABNA 0450289001 o.n.f. Koninklijk Fries Genootschap te Ljouwert.
Foto: Janna van der Meer