De gemeente Noardeast-Fryslân organisearret yn gearwurking mei de SMAMF trije lêzingen oer de resinte fleantúchbergingen yn Hallum en Holwert. Oanmelde is dêr needsaaklik foar.
Ofrûne simmer wiene yn Noardeast-Fryslân twa bergingen fan fleantúchwrakken. Beide tastellen binne yn 1943 delstoart. By Hallum waard in Dútske Messerschmitt burgen en by Holwert waard út de seedyk it wrak fan in Britske Vickers Wellington bommewerper helle. Ein augustus koe ien en oar op de crashlokaasje yn Holwert besjoen wurde en koene belangstellenden dêr ynformaasje krije. Der wie spitigernôch mar foar 400 minsken plak. De belangstelling wie lykwols folle grutter.
Yn oerlis mei de SMAMF is besletten om trije lêzingen te fersoargjen. Der is keazen foar trije wensoarchsintra yn ’e gemeente, sadat de bewenners dêrfan ‘yn eigen hûs’ de lêzing folgje kinne. Dêrnjonken binne oaren dêr ek wolkom.
De lêzingen wurde jûn troch de SMAF
De leden fan de Stichting Missing Airmen Memorial Foundation hawwe foar it opspoaren fan de neibesteanden soarge en hawwe mei harren kontakten. Sy hawwe ek de histoarje fan de beide fleantugen útsocht. Se jouwe lêzingen yn Kollum, Ferwert en Dokkum.
Tiid en plak
Tongersdei 31 oktober, 14:30 oere, Wensoarchsintrum Meckama State, Tsjerk Hiddesstraat 42, Kollum;
Tongersdei 14 novimber, 14:30 oere, Wensoarchsintrum Foswert, Foswerterstrjitte 71, Ferwert;
Tongersdei 28 novimber, 14:30 oere, Soarchsintrum Dongeraheem, Dongeradyk 31, Dokkum.
Oanmelde
Wolle jo by ien fan de lêzingen oanwêzich wêze? Meld jo dan fan tefoaren oan fia it e-mailadres vliegtuigbergingen@noardeast-fryslan.nl. Der is beheind plak beskikber. Fol=fol. De bewenners fan de oanbelangjende wensoarchsintra hawwe foarrang.
Foto thússide: Vickers Wellington (boarne: Wikipedia/Royal Air Force – publyk domein)