It is mooglik om by de FNP te sollisitearjen foar in plak op de kieslist foar de, sa mooglike, dielname oan de kommende ferkiezingen foar it nasjonale parlemint op 29 oktober. De link is: www.fnp.frl/sollisitaasje. De falbile foar dy mooglikheid is sneon 2 augustus 23:59 oere.
Betingsten
De partij hâldt noch in ledegearkomste op 30 augustus om te besluten of de FNP meidwaan sil oan de lanlike ferkiezingen. Nei dat beslút sil ek de konsept-kandidatelist fêststeld wurde. Fanwege de krappe tiid yn de tarieding beslút it haadbestjoer fan de partij de sollisitaasje no iepenbier mooglik te meitsjen. Kandidaten kinne op de webside ferskate saken opstjoere nei de FNP.
Listadvyskommisje
Nei 2 augustus besjocht de listadvyskommisje de oanmeldingen en makket in seleksje en list. Dy list wurdt yn it foar opstjoerd nei de dielnimmers fan de ALG op 30 augustus. Foarsitter fan de listadvyskommisje is âld-Earste Keamerlid en -boargemaster Gerben Gerbrandy. Mear ynformaasje dêroer is te lêzen op de webside fan de FNP.