Yevgeniy Koshkin en Dione Voskamp winne De Sulveren Bal 2026

De Sulveren Bal 2026 wie op ‘e nij in jûn fol faasje en spektakel yn de Ljouwerter Elfstedenhal. By de manlju pakte Yevgeniy Koshkin foar it twadde jier op rige de winst.

De Kazach liet opnij syn sprintklasse sjen en wie yn de finale de sterkste fan it fjild. By de froulju waard it in bysûnder momint. Dione Voskamp wûn De Sulveren Bal foar de fjirde kear yn har karriêre. Yn har alderlêste wedstriid kroande se har opnij ta winneres en naam se op perfekte wize ôfskied fan it reedriden.

3000 meter

Op de jûn wie ek in unyk duel: Joy Beune tsjin Jenning de Boo oer trijetûzen meter. De spannende twastriid waard pas op de lêste hûndert meter beslist en hold it publyk oan de ein ta op it puntsje fan de stoel.

Boarne: Facebook De Zilveren Bal
Boarne: Facebook De Zilveren Bal

Winners Sulveren Bal 2026

Mânlju
🥇 Yevgeniy Koshkin 🇰🇿
🥈 Stefan Westenbroek 🇳🇱
🥉 Mats van den Bos 🇳🇱
Froulju
🥇 Dione Voskamp 🇳🇱
🥈 Anna Boersma 🇳🇱
🥉 Ying-Chu Chen 🇹🇼

Besjoch ek de neifilm

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter