‘Fear’ offisjeel útrikt oan bakkerij De Groot Stiens

Fan ’e middei hat foarsitter Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging de ‘Fear yn ‘e broek’ foar it gebrûk fan de Fryske taal útrikt oan bakkers Nico en Aeltsje de Groot fan Stiens.

De Fear is in priis dy’t yn dit gefal alles te krijen hat mei it sichtber meitsjen fan it Frysk yn de winkel. Op kaartsjes, opskriften en buordsjes is goed te sjen dat it Frysk in goed plak hat yn de winkel. Dêrneist wurdt it ek yn de nije media brûkt, lykas Facebook. Foar Nico en Aeltsje de Groot is dat ‘in hiele gewoane saak’. “It Frysk heart by ús en de measte klanten prate it ek. Mar wy binne hiel bliid mei de priis en sille de ‘Fear’ in moai plakje jaan yn de winkel.”

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter