Komt brekking ek bûten it Frysk foar?

By brekking fan in Frysk twalûd ferskoot de klam fan it foarste part nei it efterste part. It feroaret fan in delgeand yn in opgeand twalûd.

De foarbylden binne wol bekend: beam – beammen; doar – doarren; stien – stiennen en hoed – huodden. It giet om de útspraak, dy’t troch de stavering mar min oanjûn wurdt, mar foar wa’t in bytsje yn de Fryske stavering bebiten is, is de systematyk wol dúdlik.
Dy bysûndere ferskowing yn in twalûd – ‘brekking’ is dêr in moaie typearring foar – falt bot op en men kin jin ôffreegje oft der oare talen binne mei dat ferskynsel. Yn Frânske wurden lykas trois (trije) en moi (my) falt de klam ek efteroan (ferlykje mei ús doarp) en de stavering jout dat ek al net goed oan. Wy hearre in opgeand twalûd, mar de ôfwiksel sa’t wy dy kenne yn bygelyks doaze en doaske hat it Frânsk net.

Yn it uterste súdwesten fan Dútslân wurde lokale talen sprutsen ûnder de namme Alemannisch. It Switserdútsk heart dêr ek by en yn Freiburg (Baden-Württemberg) hjit de fariant ‘Badisch’. Op famyljebesite yn dy krite hear ik wolris wat yn de Badische Mundart en stiet der somtiden wat yn en oer te lêzen yn de Badische Zeitung. De sjongsume langrutsen twalûden falle op en meitsje my nijsgjirrich: skaait dat út nei brekking? Mei in foarbyld wol ik sjen litte dat it (noch) gjin brekking hjitte mei, al begjint it der wol op te lykjen.
Yn it wurd Muettersproch (memmetaal) wurdt it earste wurdlid útsprutsen mei in û-twalûd. Tink derom, it is efkes oars as yn it Heechdútsk. De stavering fan it ú-lûd kin yn dy taal op twa wizen: mei twa stipkes (umlaut) op de u, òf mei in e efter de u. Yn it Badysk jout de kombinaasje ue lykwols in twalûd oan, dat Muetter wurdt útsprutsen as [moeter] mei it twalûd lykas yn hoeden.*)
De útspraak fan dat oe-twalûd is goed te hearren yn gueten (einen gueten Appetit). As de lju inoar ‘lekker ite’ tawinskje kriget gueten it measte omtinken: it twalûd wurdt lang rutsen en de klam ferskoot nei efteren. Men heart suver [gû-eoten], mei de klam op ‘eoten’, dat ik hjir mar mei de Fryske stavering (tink oan sneon) oanjou. Troch de lang útrutsen útspraak wurdt it gjin opgeand twalûd lykas yn guod. Dêrom is it hjir noch net om brekking te rêden. Dat bliuwt yn earsten noch in typysk Frysk ferskynsel.

  1. *) De skriuwwize üe komt ek foar, mar jout wat oars oan. De stipkes op de letter u en de e derefter binne beide needsaaklkik: de umlaut jout oan dat we in ú útsprekke moatte (en net in û) en de e makket der in twalûd fan, te ferlykjen mei nuet yn it Frysk. In bekend foarbyld is ‘Müesli’ (letterlik mûske, mar bedoeld wurdt in prûske iten) en sprek dat – by ús is it músly – no mar ris goed út!

Ed Knotter

5 Reaksjes

  1. Brekking (yn de sin fan it ûntstean fan in opgeand twilûd út in ienlûd of út in delgean twilûd) komt yn in soad Europeeske talen foar.

    It Sealterfrysk tilt op fan brekkingsfoarmen. Guon komme streekrjocht út it Germaansk, lykas ‘bjoor’, oaren út it Aldfrysk, lykas ‘gjucht’ (rjocht) en ‘fljoge” (fleane), en der binne gefallen fan Jorwertbrekking, bygelyks ‘juunske’ (njonken) en ‘juunde’ (jûn).

    Yn de Skandinavyske talen fynst ek in soad brekkingsfoarmen lykas ‘hjerte’.

    Brekking komt ek foar yn de Romaanske talen. Tink bygelyks oan it Frânske ‘bière’, ‘huit’ en ‘boire’, of it Spaanske ‘puedo’, ‘tienes’.

  2. Tige tank, Martin, foar dyn nijsgjirrige reaksje.
    It Frysk en de taal fan Vresenveane lizze tichter byinoar as dat ik tocht;
    dar skept in bân, soe ‘k sizze.

    groetnisse,
    Ed

  3. Moaie foarbylden, Henk, mei tank.
    Do joust dêrmei sawat it antwurd dêr’t ik om socht.
    Mar der is noch wat oars. Ik joech yn myn stikje al it foarbyld fan it Frânske trois en moi
    (dat hasto noch wat oanfolle), mar dat binne grûnwurden. It nijsgjirrige fan de Fryske brekking is foar my ek, dat yn in grûnwurd in delgeand twilûd sit wylst in ôflieding of gearstalling in op-geand twilûd kriget, of krije kin. Kinne we de útspraak fan ‘doarp’ eins wol brekking neame?
    In oar foarbyld is ‘skjin’. It wurdboek jout skjintme’ as ôflieding fan ‘skien’ (literêr). Dat hie dus ‘skientme’ wêze moatten. (Mar no sit ik op in staveringskwestje).
    In skaaimerk is de ôfwiksel yn ‘e útspraak.
    Ed

  4. Hoi Ed,

    De Nijfryske brekking komt yndied faak foar yn ôfliedingen en gearstallingen, mar dêr binne de weareld útsûnderingen op, lykas ‘doarp’ en ‘boarre’, ‘fuort’, ‘hearre’ en ‘stjerre’, ‘(hy) giet’ (by guon sprekkers) en ‘strjitte’. Yn al dy wurden is in lang lûd of in delgeand twilûd feroare yn in opgeand twilûd, al wurdt dat altyd net yn ‘e stavering werjûn.

    Aldere foarmen fan brekking yn it Frysk lykas de Aldfryske brekking (rjucht < richt), Jorwertbrekking (Jorwert < Eeuwerwert) en Dongeradeelster brekking (muolle < mûle, wji < wie) ha sels helendal gjin relaasje mei de morfologyske status fan in wurd.

    Dat Nijfryske brekking navenant in soad foarkomt yn 'langer makke' wurden, komt trochdat minsken de oanstriid ha om yn wat langere wurden de lange lûden of twilûden wat koarter te meitsjen. Dat sjogge wy bygelyks as wy fan 'drúf' 'druven' meitsje, of fan 'piip' 'pypke'. In ynkoarte delgeand twilûd 'oa' heart hast al as 'wa'. Wat heit of mem yn 1700-noch-wat as 'doaren' (sûnder brekking) bedoelden, koe it bern dêrtroch as 'dwarren' ferstean. Dat is alteast de gongbere opfetting yn de fakliteratuer.

    Oft de staveringsfoarm 'skien' ferwiisde nei in wurd mei in brutsen of mei in net brutsen útspraak, is spitigernôch net bekend. Ik fermoedzje dat de wurdboekmakkers de stavering 'skientme' dêrom tsien jier lyn yn 'skjintme' feroare ha.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (5)
  • Hoi Ed,

  • Moaie foarbylden, Henk, mei tank.
    Do joust dêrmei sawat it antwurd dêr’t ik om socht.
    Mar der is noch wat oars. Ik joech yn myn stikje al it foarbyld fan it Frânske trois en moi
    (dat hasto noch wat oanfolle), mar dat binne grûnwurden. It nijsgjirrige fan de Fryske brekking is foar my ek, dat yn in grûnwurd in delgeand twilûd sit wylst in ôflieding of gearstalling in op-geand twilûd kriget, of krije kin. Kinne we de útspraak fan ‘doarp’ eins wol brekking neame?
    In oar foarbyld is ‘skjin’. It wurdboek jout skjintme’ as ôflieding fan ‘skien’ (literêr). Dat hie dus ‘skientme’ wêze moatten. (Mar no sit ik op in staveringskwestje).
    In skaaimerk is de ôfwiksel yn ‘e útspraak.
    Ed

  • Tige tank, Martin, foar dyn nijsgjirrige reaksje.
    It Frysk en de taal fan Vresenveane lizze tichter byinoar as dat ik tocht;
    dar skept in bân, soe ‘k sizze.

    groetnisse,
    Ed

  • Brekking (yn de sin fan it ûntstean fan in opgeand twilûd út in ienlûd of út in delgean twilûd) komt yn in soad Europeeske talen foar.

    It Sealterfrysk tilt op fan brekkingsfoarmen. Guon komme streekrjocht út it Germaansk, lykas ‘bjoor’, oaren út it Aldfrysk, lykas ‘gjucht’ (rjocht) en ‘fljoge” (fleane), en der binne gefallen fan Jorwertbrekking, bygelyks ‘juunske’ (njonken) en ‘juunde’ (jûn).

    Yn de Skandinavyske talen fynst ek in soad brekkingsfoarmen lykas ‘hjerte’.

    Brekking komt ek foar yn de Romaanske talen. Tink bygelyks oan it Frânske ‘bière’, ‘huit’ en ‘boire’, of it Spaanske ‘puedo’, ‘tienes’.

Lit in reaksje efter