Dit is ús nije kat (superskattich)

Tjits en har famylje hawwe in nije kat! En syn namme is Bouwe. Is it net in skatsje? Dizze wike rydt Tjits nei Hylpen, dêr’t se by Titus yn syn atelier praat oer de Hylper skilderkeunst. Fansels foar de searje Fier yn it rûn. Letter yn ’e wike wurket se mei Sven oan it berneprogramma Tsjil International. Sy litte it ferskil sjen tusken bern yn Japan, dy’t selsstannich troch de stêd rinne, en bern yn Fryslân dy’t folle mear tafersjoch ha. En der is in nij Tomke-boekje! By de twa ferskes út it boek makke Tjits twa fideoklipkes.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter