Dizze klasse yn Mûnein is geweldich!

It wie wer in wike fol aventoer! Alles begûn mei in prachtige skoalbesite yn Munein en Earnewâld, dêr’t Tjits mei Sake ûndekt in wûndereilân by ferskate klassen del gie. Wat in entûsjaste bern! Se hiene hûndert fragen en seagen it boek hielendal sitten – de enerzjy sprong derôf.

Letter yn ’e wike gie se op paad foar opnamen fan Tsjil International. Earst nei it Keramykmuseum yn Ljouwert – wat in prachtich plak. Tussen de bysûndere stikken en stille romtes waarden se fol entûsjasme ûntfongen. Mar it spannendste momint kaam yn de haven fan Harns…  Dêr waard Tjits ûnder it filmjen samar troffen troch in flinke weach en is se hast fersûpt.