Net ferkeard: 20 jier nei 2005

Ynhâld fan de podcast:

It is 2025, 20 jier nei 2005. De tiid dat minsken noch gjin telefoan yn ’e bûse hiene – útsein Gabrielle, dy’t der al ien hie. Arjan net, en hy hat der no noch net ien. Sy lêze poëzy foar út 2005 fan Pier Boorsma, doe’t er noch jong wie.

Gabrielle wie yn it Brouwdok foar in optreden fan Hannah Hoogsteen en Minne Pryster. Arjan fertelt hoe’t er by LIET in priis wûn hat, wylst Gabrielle fertelt oer Snowy, dy’t se ynsliepe litten hat.

Wiuwert en mummies. Wat is dêr eins no noch mear te dwaan? Arjan en Gabrielle prate oer Purrito, dy’t mei Ald & Nij ûnder de bank krûpt, en oer Cambuur: fjoerwurk, it nije stadion, en de rellen fan de koroanatiid.

Gabrielle fertelde hoe’t har roman einlings foarm kriget, wylst Arjan mei in stoarm yn ’e bus nei Moarre siet.

Arjan en Gabrielle seagen films: Nosferatu, Flow en Wicked. Arjan skreau in gedicht foar Snowy en jout in tip oer hoe’tst fergees mei de bus giest. Sy hawwe it oer goeie foarnimmens en moderne boeken.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter