Tiidkabine

Tiidkabine

Somtiden ferfeel ik my sa bot
Fyn ik neat mear oan myn boartersguod
Alles fyn ik sa allemachtich saai
Hoe kom ik no wer troch dizze drege dei

Us mem seit jonge, brûk dyn fantasy
Dan giet der in wrâld iepen foar dy
Kinst wêze wa of watst mar wolst
Kinst sels betinke watsto dochst

Ik bin in fleanmasine, ik flean troch de loft
Ik sit yn in tiidkabine, sa hâldt de tiid gjin skoft

As ûntdekkingsreizger it wetter op
Ik tref piraten en ik fyn in skat
Mei Floggy de kamera op aventoer
Wy geane foar elkoarren troch it fjoer

Ik bin in liuw mei grutte tosken
En draaf hjir wyld troch alle bosken
Yn de romte bin ik in astronaut
Dy’t mei aliens oan planeten bout

Ik bin in fleanmasine, ik flean troch de loft
Ik sit yn in tiidkabine, sa hâldt de tiid gjin skoft
Ik flean, ik draaf, laitsje en rop
Doch dingen dy’t ik oars noait doch
Ik sit yn in tiidkabine, flean de tiden troch

As fuotballer skop ik de bal yn ’e hoek’
En sjoch ris hoe’t ik as keeper dûk
As keunstner meitsje ik byld en skilderij
Ik kladderje mei ferve of mei de klaai

Mei fantasy kinst wêze wa’tst mar wolst
Kinst dingen dwaan dy’tst oars noait dochst
Dus ik soe sizze doch mar mei
En jou in draai oan dizze saaie dei

Ik bin in fleanmasine, ik flean troch de loft
Ik sit yn in tiidkabine, sa hâldt de tiid gjin skoft
Ik bin in fleanmasine, ik flean troch de loft
Ik sit yn in tiidkabine, sa hâldt de tiid gjin skoft

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter