Mediakeunst- en ljochtfestival LUNA 2025: programma bekend

Fan 24 jannewaris o/m 9 febrewaris 2025 wurdt yn Ljouwert wer it LUNA-festival foar media, ljocht- en lûdskeunst holden. LUNA Young Masters toant wurk fan fjirtjin jonge talinten yn it Stasjonskertier. Fan 30 jannewaris o/m 1 febrewaris lûkt it festival nei de strjitten, pleinen, gloppen, wetterpartijen en binnendoarlokaasjes mei LUNA Nights: wurk fan (ynter)nasjonale en regionale makkers. LUNA Currents biedt in deistich râneprogramma mei ûnder mear temajûnen, films, útfieringen, wurkateliers en rûnliedingen.

Mei troch it dielnimmen fan in grut tal noardlike kulturele ynstellingen (De Harmonie, WERC, NHLStenden, RaamH) is de nije edysje fan LUNA ien fan de grutsten ea. By de LUNA Nights binne op goed tweintich lokaasjes yn ’e hiele stêd wurken te sjen, foar de twadde kear ek yn it Spoardokgebiet. Dêr giet it ûnder mear om in nij wurk fan LUNA Collective dat gearstald wurde sil út tekeningen fan Ljouwerters dy’t op 25 jannewaris makke wurde by in foar elkenien tagonklik wurkatelier yn it Stasjonskertier.

Yntreepriis foar trije LUNA Nights-lokaasjes
Om skielk op eigen fuotten stean te kinnen, en om de lange rigen by de hichtepunten better opfange te kinnen, is foar de edysje fan 2025 besletten om by LUNA Nights proef te draaien mei trije betelle lokaasjes. Foar tagong ta de Grutte Tsjerke, it Gemeentehûs en TOON (yn De Harmonie) wurdt € 5 de lokaasje frege. De rest fan LUNA Nights is lykas wenst fergees. In passe-partout jout ûnbeheind tagong ta it hiele festival, mei ynbegryp fan Young Masters.

Praktyske ynformaasje
LUNA Young Masters
Data: 24 jannewaris o/m 9 febrewaris 2025, alle dagen fan 10.00 oant 22.00 oere;
Lokaasje: Stasjonskertier, Snitsertrekwei 1 Ljouwert.

LUNA Nights
Data: 30 jannewaris o/m 1 febrewaris 2025;
Lokaasjes: ferskate binnen- en bûtenlokaasjes yn ’e binnenstêd fan Ljouwert en it Spoardokgebiet, fan sinneûndergong oant 23.00 oere.

It folsleine programma is te finen op www.lunafestival.nl.

Foto: Grutte Tsjerke Ljouwert (foto: Janna van der Meer)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter