Foarstelling ‘Plûns’ (4+) fan Tryater

By Tryater binne se midden yn ’e winter al drok dwaande mei swimbroeken en opblaasbantsjes. Yn febrewaris start de toernee fan de nagelnije jeugdfoarstelling Plûns (4+). In aventoerlike foarstelling foar bange dûkers en dappere fan-de-kant-ôf sjoggers.

Plûns is te sjen op basisskoallen yn hiel Fryslân, op 17 febrewaris yn Theater aan het Spui yn De Haach by it Lentekriebels Festival en yn ’e krookjefakânsje op 26 febrewaris by Tryater yn eigen hûs.

Boarne: Museum Federatie Fryslân

Kom op tongersdei 26 febrewaris om 11.00 of 15.00 oere nei de foarstelling by Tryater oan de Oostersingel 70 yn Ljouwert. Bern (oant 12 jier) kinne der fergees hinne ‘op fertoan’ fan in beteljende folwoeksene (yntree € 14,50). Dus net allinne pake en beppe meie mei, ek dyn âlders, omke of muoike!

Foto thússide: Tryntsje Nauta

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter