Fokaal Trijelûk bestiet yn 2026 25 jier. Yn de jubileumedysje stiet de frou sintraal. Yn de trije konserten fan dit jier fertelt se oer har gefoelens fan ferealens, lok, fertriet en rou. Sneon 31 jannewaris is Rixt van der Kooij, de pianiste en komponiste dy’t Fokaal Trijelûk organisearret, tusken 11.00 en 11.30 oere te gast yn it radio- en tv-programma Op en út fan Omrop Fryslân. Dan sil se oer de konserten fan dit jier it ien en oar fertelle.
Yn it earste konsert fan 2026, op snein 1 febrewaris, giet it fan ferhalen óér de frou nei ferhalen tróch in frou fan fleis en bloed. Under pianobegelieding fan Rixt van der Kooij sjong Carina Vinke, mei har karakteristike waarme altstimme, de ballade ‘Die junge Nonne en Der Zwerg’ fan Franz Schubert, de syklus ‘Frauenliebe und -leben’ fan Robert Schumann, trije Sweedske lieten fan Jean Sibelius, fjouwer ritmyske Spaanse lieten fan Alexa Babakchanian en de ‘Trije lieten’ fan Rixt van der Kooij út 2015 op tekst fan de Fryske dichteres Rixt, it pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen.
Lykas wenst wurde de konserten jûn yn de Fermanje oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert. Se begjinne om 15.00 oere. Kaarten binne à € 17,50 by de yngong te krijen. Se binne ek te reservearjen fia info@vocaaldrieluik.nl. Keapje fia www.harmonie.nl of oan de kassa fan de Harmonie kin ek.
It twadde konsert is op snein 8 maart en it tredde op snein 19 april.