Yn 1975 brocht de legindaryske Fryske folk-rockband Irolt de lp De Gudrun Sêge út en soarge dêrmei foar in mylpeal yn ’e skiednis fan de Fryske (folk)muzyk. Fyftich jier letter hat de muzyk fan Irolt neat oan glâns ferlern en klinkt Inez har stim noch altyd ferrassend jong en linich yn de feestlike oade oan Irolt: Kattekwea.
Inez Timmer wie tolve jier lang de frontfrou fan Irolt. Hja hat yn Eastenryk, Dútslân en Hollân yn goed tritich musicals spile en produsearre 25 eigen teäterprogramma’s. Inez heart suver by it Frysk kultureel erfgoed. In artyste dy’t harsels hieltyd op ’e nij útfynt.
Pianist Peter van der Zwaag hat in lange steat fan tsjinst as pianist/begelieder fan in soad artysten, mei dêrûnder Gerrit Breteler, Jenny Arean en Robert Long. Peter is in wiere toetsetsjoender, in betûft komponist, arranzjeur en orkestlieder. Syn begelieding jout de muzyk fan Irolt in nije en spannende klankkleur.
Nim foar ynformaasje en boekingen kontakt op mei Peter van der Zwaag, telefoan: 06-29050584, mail: kattekwea@gmail.com.
Foto thússide: Peter van der Zwaag en Inez Timmer (foto: Peter Schütte, Büro für Erstaunliches)
