Tagelyk mei de haadútstalling Jan Roos – op de scheidslijn van land en zee binne yn ’e westfleugel fan Museum Belvédère keamerpresintaasjes te sjen. De útstalling rint fan 21 febrewaris o/m 7 juny 2026. De keamerpresintaasjes binne fan: Anne Marie Blaupot ten Cate, Dirk Bakker, Jan Jordens, Marije Bouman en Sjoerd de Vries.

Anne Marie Blaupot ten Cate
Anne Marie Blaupot ten Cate waard yn 1902 yn Fryslân berne en groeide op yn Arnhim. Nei har opliedingen oan ’e Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach en dêrnei de Ryksakademy yn Amsterdam, makke se in protte bûtenlânske reizen. Under oare nei Frankryk, Spanje, Switserlân, Marokko en Nederlânsk-Yndië. Nei oanlieding fan it troch Hanneke Boonstra skreaune boek Anne Marie Blaupot ten Cate – Een onstuimig leven, dat koartlyn ferskynde, stelde Museum Belvédère in útstalling gear fan de pear keunstwurken dy’t op it stuit fan har bekend binne.
Dirk Bakker
Byldzjend keunstner Dirk Bakker (1959-2021) skildere yn betreklike ôfsûndering, mei in subtyl gefoel foar kleur, foarm en komposysje, de meast wûnderlike foarstellingen. Nettsjinsteande dat syn wurk stilistyske oerienkomsten mei dat fan keunstners fan de Nije Figuraasje sjen lit, slacht it in hiel oare toan oan. Bakkers skilderijen misse de earnst en faak yntellektuele benadering dy’t it wurk fan oare Figurativen skaaimerkje en azemje mear de ûntwapenjende sfear fan berneboekeyllustraasjes.

Jan Jordens
Jan Jordens (1883-1962) heart ta de oprjochters fan de Grinzer keunstnerskring De Ploeg, mar kaam yn ’e foaroarlochske jierren minder op ’e foargrûn as bygelyks Jan Wiegers, Jan Altink en Johan Dijkstra. Wannear’t er nei syn pensjonearring as dosint tekenjen him folslein op syn keunstnerskip rjochtsje kin, ûntwikkelet er him yn Noard-Nederlân ta ien fan de pioniers fan de moderne keunst. Ta de hichtepunten fan syn neioarlochske wurk hearre de akwarellen dy’t er by syn jierlikse simmerferbliuwen op Skiermûntseach fan dunen en spjirren makke.

Marije Bouman
De searje Elementen fan keunstner Marije Bouman (1971) is de útkomst fan in ûndersyk nei de romte dy’t ûntstiet binnen in lyts en fertikaal wurk op papier mei help fan lânskiplike eleminten. Wolkens wurde bergen, de ierde lost yn ’e loft op, in dyk krûpt nei de fierte foarby de kime en wetter reflektearret mear ljocht as lucht. “It binne waarnimmingen dy’t lossteane fan it logyske tinken”, ferklearret Bouman. “Foar my ûntstiet sa in iepening nei de romte fan ’e geast.”
Sjoerd de Vries
Op 7 jannewaris 2020 ferstoar Sjoerd de Vries, ien fan de wichtichste byldzjend keunstners út Fryslân, yn ’e âldens fan 78 jier. Yn ’e lêste moannen fan syn libben filme Janny Dijkstra him yn syn atelier, wylst er oan it wurk wie, begelaat troch klassike muzyk fan syn favorite stjoerder Radio 4. Har film sûnder in protte wurden waard in yntym en ynteger dokumint oer in keunstner dy’t ta it lêst oan ta dwaande bleau mei skeppen – tekenjen op papier en kerven yn karton. De kwetsberens fan it libben dy’t yn syn wurk altyd in ûnderlizzend tema is, kriget yn ’e film ekstra lading.