Diel dit berjocht

NeSpoon makket muorreskildering fan 19e-iuwsk kolleksjestik

De Poalske keunstneresse NeSpoon makket sûnt ôfrûne freed yn opdracht fan it Frysk Museum in muorreskildering op ’e gevel fan Restaurant Wannee fan NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Se stiet bekend om har unike wurken mei patroanen fan kant- en borduerwurk en wûn dêr ferskate prizen mei.

Keamerjas, likernôch 1880 (foto: Erik & Petra Hesmerg)

Foar de skildering yn Ljouwert liet NeSpoon har ynpirearje troch it borduerwurk op in 19e-iuwske keamerjas út de kolleksje fan it Frysk Museum. It nije keunstwurk makket ûnderdiel út fan Museum Murals, in inisjatyf fan it Mauritshûs. Tweintich musea troch it hiele lân trochbrekke de tradisjonele grinzen en bringe keunst nei bûten ta. Foar de realisaasje fan de muorreskildering wurke it Frysk Museum gear mei strjitkeunstorganisaasje Writer’s Block. Mear ynformaasje is te finen op www.friesmuseum.nl/museummurals.

NeSpoon hat in fassinaasje foar kant en borduerwurk. Se liet har ynspirearje troch de rike tekstylkolleksje fan it Frysk Museum. Har each foel úteinlik op in Japanske keamerjas út de njoggentjinde iuw. “Ik fyn de borduersels op dy jas prachtich en it patroan past poerbêst op dizze muorre. Kant en borduerwurk binne myn grutte leafdes. Ik hâld fan de universele patroanen; blommen, planten, flinters, snieflokken. Elkenien ken se werom.” De muorreskildering op de gevel fan Restaurant Wannee wurdt likernôch tolve meter heech en sil bestean út ferskillende details fan de borduerpatroanen op de keamerjas. It keunstwurk wurdt freed 12 july oplevere.

Foto thússide: Muorreskildering fan NeSpoon yn Ljouwert (foto: Frysk Museum)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter