Op snein 30 novimber feroaret de útstallingsseal fan Museum Martena yn Frjentsjer yn in libben atelier. Keunstskilder Martin Sijbesma, de makker efter de hjoeddeiske útstalling Schilder van Toen, skilderet dy deis live yn it museum. Besikers kinne fan tichteby sjen hoe’t in oaljefarveskilderij foarm kriget en stap foar stap ûntstiet.
Martin stiet bekend om syn styl, dy’t er sels omskriuwt as ‘romantysk realisme’: in waarme, fertellende manier fan skilderjen dêr’t alle wurken in swymke nostalgy yn drage. Syn ûnderwerpen rinne útinoar fan oldtimers yn wiidske lânskippen en blomstillibbens oant stillibbens mei âld boartersguod. By de livesesje fertelt Martin oer syn wurkwize, syn techniken en de ferhalen dy’t efter syn skilderijen beskûlgeane.
Kinst der op 30 novimber net by wêze? Op snein 28 desimber is Martin nochris libbensliif oan it wurk yn Museum Martena.
De livesesje is fergees tagonklik mei in regulier yntreekaartsje. Sijbesma sil fan 13.30 oant 16.00 oere yn ’e útstallingsseal oanwêzich wêze.
Foto: Martin Sijbesma mei hûn Harmke (boarne: Museum Martena)