Ljouwert betinkt tachtich jier De Oerfal op de Blokhúspoarte

De fersetsaksje De Oerfal wurdt op snein 8 desimber mei in fariearre programma betocht yn de Blokhúshúspoarte, it Frysk Fersetsmuseum en Slieker Film.

Byld út film ‘De Overval’ (1962) fan Paul Rotha (boarne: Frysk Fersetsmuseum)

Op 8 desimber 1944 wurde 51 fersetsminsken út de finzenis de Blokhúspoarte befrijd, sûnder dat ek mar in skot lost is. Op 8 desimber 2024, tachtich jier nei dato, wurdt de spektakulêre fersetsdied dy’t bekend is ûnder de namme ‘De Oerfal’ betocht yn Ljouwert mei in wiidweidich programma. Yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL) fertelt Rik Jongbloed oer de persoanlike ûnderfiningen fan syn beppe en fan syn mem, dy’t yn ferwachting wie, dy’t mei De Oerfal út de finzenis helle waarden. Yn ’e Blokhúspoarte wurde û.o. fergeze temarûnliedingen organisearre, mei dêrby ek in spesjale bûslamperûnlieding foar bern. Der wurdt ek in ynformele betinking holden.

It Frysk Fersetsmuseum, Kafee Thús en Slieker Film organisearje mei-inoar in wiidweidich programma, besteande út rûnliedingen troch it museum, in spesjaal diner, en de fertoaning fan de film De Overval (1962), ien fan de meast suksesfolle films út de Nederlânske filmskiednis.

De Oerfal, ek wol ‘De Kreak’ neamd, stiet bekend as ien fan de grutste fersetsdieden yn de oarloch. Der gie in feilleas útwurke plan oan foarôf, want der mocht gjin skot lost wurde om de tichteby legere besetter net te alarmearjen. Yn in healoere tiid waarden mar leafst 51 detinearre fersetsminsken út it finzeniskompleks befrijd.

Foto thússide: Blokhúspoarte (foto: Wikipedia/Gouwenaar – CC BY-SA 4.0)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter