‘Skjintme yn ’e moarn’. Dat jildt yn alle gefal foar it konsert troch it VitaDuo, dat foarme is troch Vitaly Vatulya (saksofoan) en Maria Nemtsova (piano). Dat duo wurdt erkend as ien fan de nijsgjirrichste ensembles yn ’e hjoeddeiske keamermuzykwrâld. De seldsume kombinaasje fan saksofoan en piano waard foarme yn 2006, doe’t it duo in priis wûn op it prestisjeuze festival yn Moskou.
Letter rjochten se it Music – for Peace-projekt op, in muzikaal woldiedigensprojekt mei as misje jonge muzikanten te helpen dy’t yn ’e hjoeddeiske konfliktgebieten libje. Hieltyd op ’e siik nei nije muzyk, arranzjeminten en ferskate rjochtingen fan it klassike saksofoanrepertoire, hawwe se spile yn mear as fyftich stêden oer de hiele wrâld, lykas Moskou, Tel-Aviv, Praach, Tbilisi, Wenen en Belgrado.
As yndividuele solisten hawwe sy ek konserten oer de hiele wrâld jûn. Maria wûn in protte ynternasjonale pianokonkoersen en spile yn sealen as Carnegie Hall (New York), Wigmore Hall (Londen), National Centre of Performing Arts yn Beijing, Shanghai Oriental Arts Centre en oare. Vitaly is de winner fan mear as fyftjin prestisjeuze ynternasjonale kompetysjes en hat spile yn it Moscow International House of Music en de Grote Conservatoriumzaal, Philharmonic Concert Hall yn Vilnius, Bruckner House yn Linz en oare.
Matineekonsert VitaDuo
Snein 9 febrewaris 2025 om 11.45 oere;
Doarpstsjerke Huzum te Ljouwert.
De tagongspriis is € 15; foar bern o/m tolve jier € 2,50 (konsumpsje ynbegrepen). Tagongskaarten kinne fan tefoaren digitaal reservearre wurde fia it Ticketkantoor. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op koarte rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk). Fan 11.15 oere ôf is de tsjerkedoar iepen en stiet de kofje klear.
Ynljochtingen binne te krijen fia mailadres dorpskerkhuizum@gmail.com. Mear ynformaasje stiet op www.dorpskerkhuizum.nl, www.facebook.com/dorpskerkhuizum en www.marianemtsova.com.
Foto: Doarpstsjerke Huzum (© Jan de Vries)