Museum De Jouwer ropt lokale keunstners op foar eksposysje

Museum De Jouwer ropt alle (amateur)keunsters fan De Jouwer en oangrinzjende doarpen op om mei te dwaan oan de eksposysje It ambacht fan De Jouwer. Alle dissiplines binne wolkom, fan skilderkeunst, fotografy en lino, oant boetsearjen, tekstyl en metaalbewurking.

Eksposearje en miskien wol winne
Alle wurken dy’t oan it tema en fysike kritearia foldogge, wurde fan 4 novimber oant en mei 4 jannewaris yn it museum eksposearre. It wurk dat it bêste by it tema oanslút en it measte yndruk op in saakkundige sjuery makket, wurdt mei twa Museumkaarten beleanne.

Oanmelde oant 17 oktober
Oanmelde fan in wurk – nij of besteand – kin oant en mei 17 oktober fia museumjoure.nl/jouwkunst. Dielnimmmers ûntfange in bon foar in dei wurkjen of ynspiraasje opdwaan yn it museum. op 29 oktober moat it kant-en-kleare wurk by Museum De Jouwer ynlevere wurde. Nei ôfrin fan de eksposysje krije dielnimmers harren wurk werom.

Al faak de fraach
De eksposysje is it antwurd op in fraach dy’t Museum De Jouwer geregeld steld kriget; oft it in poadium foar lokale keunst biede kin. De kar foar it tema lit him riede: De Jouwer en Museum De Jouwer steane bol fan ambacht. Al iuwen wurde der kofje, tee en Fryske klokken makke, dêrneist lit it museum de ambachten fan metaalguod en printen sjen.

Foto: Wikipedia/Swarte Kees – publyk domein

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter