Broedplaats – Opus Loco Moto, in sintúchlike foarstelling dêr’t skilderijen, muzyk en poëzy trochinoar hinne bewege. Hoe fertaalst in lânskip nei in liet? Kinst in wolk oan ’e loft spikerje?

Acht kleurrike abstrakte lânskipsskilderijen fan Annemariek Woltman (1959-1997) geane yn petear mei de muzyk fan har broer Herman Woltman en sjongeres/trompettiste Ella de Jong (it duo Ella & Her man). Mei Tsead Bruinja (Dichter des Vaderlands 2019-2020) skreaune sy nije muzyk, lietsjes en gedichten, ynspirearre troch hoe’t Annemarieke, tritich jier lyn, nei see, de greiden en de loft seach.
Hja sprutsen yn Drylts, Ljouwert, Amsterdam en Nimwegen oer it alderearste momint fan sjen, priuwen en hearren. Sa ûntstie in liet oer dochters dy’t foar it earst snie fiele en ûnder de yndruk reitsje fan in wylde see. Tsead tocht nei oer hoe’t skilders in lânskip stilsette kinne en sette in nûmer fan syn favorite band Marillion oer. Dêr daget de sjonger de harker yn út om in fonkje te fangen en in wolk oan ’e loft te spikerjen.
It útsjoch dat Woltman, Bruinja en frou De Jong mei it publyk diele is wrydsk. It rikt fan in dwylsinnich leafdesliet út de havenstêd Buenos Aires nei seehûnen en seefûgels op it Waad, nei gedichten fan rou om it wrede lot dat flechtlingen treft yn ’e Middellânske See en de minsken yn Gaza, dy’t úthongere en bombardearre wurde.
Njonken muzyk mei teksten fan Tsead wurde ek lieten brocht basearre op gedichten fan Baukje Wytsma (1946-2022) en Karin Hazewinkel. Lietsjes yn it Frysk en it Frânsk oer it ferlies fan greidefûgels en it krûdige gers yn ’e Fryske greiden, mar ek oer hoop en ynspiraasje dy’t it Waad en it rike libben dêromhinne dochs noch biede kinne.
Muzykteäter mei Tsead Bruinja, Ella de Jong en Herman Wolman
Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert;
Snein 15 maart 2026 om 15.00 oere.
De tagongspriis is € 15,00 (mei konsumpsje yn it skoft ynbegrepen). Tagongskaarten kinne yn it foar digitaal reservearre wurde fia it Ticketkantoor. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op koarte rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar Intratuin oer (súdside Tynjedyk).
Ynljochtingen binne te krijen fia dorpskerkhuizum@gmail.com. Mear ynformaasje is te finen op www.dorpskerkhuizum.nl, www.facebook.com/dorpskerkhuizum en www.ellaandherman.nl.