Hege besite foar it Noardlik Filmfestival: de Deenske topaktrise Trine Dyrholm en Oscarwinner Thomas Vinterberg komme nei Ljouwert. It festival, dit jier fan 13 oant en mei 17 novimber, wurdt iepene mei de Ierske film Kneecap.
It Noardlik Filmfestival rikt alle jierren de Award for Special Contribution tot Northern Cinema út. Dy is dit jier foar aktrise Trine Dyrholm. As spotljochtgast nimt se op de iepeningsjûn de ûnderskieding persoanlik yn ûntfangst. Fierder sil se wiidweidich yn petear oer har wurk. Mei it festival is in retrospektyf oer Dyrholm opset, mei dêryn har twa nijste films en fjouwer âldere titels, ek de resinte Poison (fan regisseur Désirée Nosbusch) nei it bekende toanielstik Gif fan Lot Vekemans.
Ien fan de âldere films fan frou Dyrholm is Festen (1998). Dêrfoar wurke de aktrise gear mei Thomas Vinterberg. It levere de Deenske regisseur de European Film Award foar Europeeske ûntdekking fan it jier op. Vinterberg wûn yn 2020 mei Druk in Oscar foar bêste ynternasjonale film.

Thomas Vinterberg op 14 novimber oanwêzich
Op it Noardlik Filmfestival wurde foar it earst yn Nederlân de earste ôfleveringen fan syn nije searje Families like ours fertoand. Op tongersdei 14 novimber is de regisseur oanwêzich foar in wiidweidich petear oer de searje en syn films.
Iepeningsfilm en tema
De iepeningsfilm fan de 44e edysje fan it Noardlik Filmfestival is de eigensinnige Ierske Kneecap. “De film smiet op filmfestivals as Sundance en yn Galway hege eagen by sawol publyk as kritisy”, fertelt artistyk lieder Henriëtte Poelman. “Kneecap lit op hiel eigen en enerzjike wize sjen wat it belang fan taal foar in kulturele identiteit is.”
It tema dit jier is ‘yn beweging’. Frou Poelman: Der is yn ’e wrâld safolle yn beweging: minsken sykje in feilich plak om te libjen, de natuer feroaret en ynsjoggen ek. Alle bewegingen hawwe harren eigen ympakt, en mei alle ûnderfiningen groeit ús blik. Op it Noardlik Filmfestival komme we byinoar en fine we inoar. Film bringt wat yn beweging.”
It folsleine programma is te finen op www.noordelijkfilmfestival.nl.
Foto thússide: Lucas Kemper