Presintaasje ‘Hoefolle wurden’ fan Nyk de Vries op cd

Op freed 13 desimber presintearret de eardere Dichter fan Fryslân Nyk de Vries de cd fan syn earste solo-album Hoefolle wurden/Hoeveel woorden. It album ferskynt yn gearwurking mei Excelsior Recordings.

De presintaasje sil holden wurde yn Podium Explore (De Westertsjerke) yn Ljouwert, mei in grut tal gasten, ûnder oaren leden fan Nyk syn earste band The Amp, mei wa’t er in flink tal nûmers spylje sil. Underdiel fan ‘e jûn is ek in earbetoan oan de romrofte Fryske band Reboelje, benammen oan sjonger Marius de Boer en gitarist Tiede Lanting, dy’t beide resint ferstoaren, Marius ferline jier, Tiede yn 2018.

Elkenien is fan herte wolkom.

Skriuwer/muzikant Nyk de Vries wie Dichter fan Fryslân fan 2019 o/m 2021. Mei syn roman Renger wûn er de Piter Jellespriis. Yn 2025 fiert er syn fiifentweintichste jier as skriuwer mei syn nije roman De Baptisten dy’t ferskynt by De Arbeiderspers.

Albumpresintaasje Hoefolle wurden/Hoeveel woorden
Freed 13 desimber by Podium Explore (De Westertsjerke);
Bagijnestraat 59, 8911 DN Ljouwert;
Oanfang: 20.00 oere;
Yntree: € 6.

Foto thússide: Nyk de Vries (foto: Rob Pieters & Petra van der Molen)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter