Reünykonsert Wiegels Wjukkelmasine en Sebeare

Sneontejûn 22 febrewaris hie de Frysktalige popband Wiegels Wjukkelmasine in reünykonsert. In jier lyn waard it konsert op priemmen set. Dat barde yn ’e mande mei Sebeare, in oare bekende Frysktalige band. It konsert wie yn it Bolwerk yn Snits. De beide popgroepen meitsje al hiel lang diel út fan de Fryske popscene. Wiegels Wjukkelmasine is oprjochte yn de tachtiger jierren. Sebeare is fan letter tiid. De skeakel is bassist Henk Wetting. Hy sit yn beide bands en hie sadwaande in lange jûn.

Wiegels Wjukkelmasine (eigen foto)

Popseal it Bolwerk wie foarich jier yn twa dagen útferkocht. Sa’t by in reüny wenst is, wiene der in soad âlde bekenden, mar der wiene ek genôch nije minsken op ôfkommen, in nije generaasje fan leafhawwers fan Frysktalige muzyk. Bygelyks bern fan bandleden en bern fan âlde fans. Dy hiene Wiegels Wjukkelmasine noch nea sjoen.

(eigen foto)

Alle klassikers fan beide bands kamen foarby. Nei in swingende set fan Sebeare sleat Wiegels Wjukkelmasine de jûn ôf mei Wodka, Unwis en Yn ’e rein. Dêrnei kamen noch twa tajeften. It nûmer Frijheid waard opdroegen oan Willem Horjus. De drummer fan de earste besetting is fyftjin jier lyn ferstoarn. Hiel moai dat der famylje fan de Boalswerter multy-muzikant yn de seal wie.

It alderlêste nûmer wie ‘No of nea’, in oersetting fan Nu of nooit fan De Scene. It wie ien fan de Nederlânsktalige bands dêr’t Wiegels Wjukkelmasine ein tachtiger jierren en begjin njoggentiger jierren it foarprogramma fan dien hat.

Nei oardel oere wie de band útspile. De hiele jûn hie de seal byprate en fan de muzyk genietsje kinnen. It wie in konsert foar ien kear, mar men soe hast sizze: dat moat noch ris. Want in hiel soad minsken hawwe it konsert misse moatten trochdat it optreden mar foar ien kear wie.

Hein Jaap Hilarides

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter