Jan Hooghiemstra & Peter van der Weide mei ‘Die Winterreise’ yn it Frysk

Jan Hooghiemstra (tenor) en Peter van der Weide (tenor en pianist) sjonge in stikmannich lieten út Die Winterreise fan Schubert yn it Frysk.

Peter van der Weide & Jan Hooghiemstra (eigen foto)

De oersetting yn it Frysk is makke troch Pieter Wiersma fan Frjentsjer. Twa jier hat Pieter Wiersma dwaande west mei it oersetten fan de unike syklus fan 24 lieten foar sjongstim en piano. It ferhaal komt del op it ferslach fan in foettocht sûnder bestimming fan in jongfeint nei in ôfwizing yn ’e leafde. Jan en Peter sjonge ek inkelde duetten fan ferskate komponisten lykas Purcell, Mendelssohn-Bartholdy en Troelstra.

Jan folge sjonglessen by ferskate pedagogen: Wil Noorduyn-Nijdam, Jeroen Helder en op it stuit by Miranda van Kralingen. It duo stiet geregeld op lytse poadia. Jan is ek lid fan it Noard Nederlânsk Konsertkoar.

Peter van der Weide studearre tsjerkemuzyk oan it ynstitút foar tsjerkemuzyk yn Utert. Hy is ôfstudearre pianist, oargelist en dirigint. Letter studearre er teology. Peter is pastoar fan de Sint Paduaparochy yn Snits. Hy begeliedt ferskate solisten, en sjongt ek regelmjittich solo. Hy folget sjongles by Riekje Bakker. Tegearre mei Jan foarmet er sûnt tweintich jier in duo.

Foar dit konsert wurdt gebrûk makke fan in fleugel, in Grotrian Steinweg, boujier 1976. De fleugel is yn brûklien jûn troch Museum Geelvinck. Hoewol’t de konserten yn ’e rige ‘Muzyk +’ fergees tagonklik binne, wurdt in frijwillige bydrage foar de musisy tige op priis steld.

Sjongduo Jan Hooghiemstra & Peter van der Weide
mei Die Winterreise fan Schubert yn it Frysk;
yn ’e rige ‘Muzyk +’ fan Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert;
Freed 21 novimber 2025 fan 17.00 oant 18.00 oere.

Kom op tiid, dan kinne jo in moai plak útsykje. By de tsjerke is net in soad parkearromte. Besikers kinne – op koarte rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Ynljochtingen binne te krijen fia mailadres dorpskerkhuizum@gmail.com. Mear ynformaasje is te finen op www.dorpskerkhuizum.nl en www.facebook.com/dorpskerkhuizum.

Foto thússide: Doarpstsjerke Huzum (fotograaf: ©Jan de Vries)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter