Soloútstalling ‘To Move Mountains’ fan Joyce Zwerver

Fan 7 desimber 2025 o/m 15 febrewaris 2026 is de soloútstalling To Move Mountains fan byldzjend keunstner Joyce Zwerver te sjen yn Afslag BVL op It Hearrenfean. Hja presintearret har searje mei deselde namme, besteande út fiifentweintich mixed-media kollaazjes, oanfolle mei in spesjaal foar de útstalling makke ynstallaasje, ‘The blue that binds it all together’.

Yn de kollaazjewurken ferkent de keunstner de grinzen tusken twadiminsjonaal en trijediminsjonaal. Op ’e lokaasje rjochte wurkjen is dêryn it útgongspunt. Oft it no binnen, bûten, yn of mei it lânskip is, frou Zwerver benaderet elts plak fisueel, op ’e siik nei brûkbere foarmen, linen, mjitten en ferhâldingen. Soms ûntstiet dêr in spannend kontrast by, soms just in poëtyske gearhing.

To Move Mountains
To Move Mountains (2024-2025) is in persoanlike searje dêr’t de ferdjipping fan frou Zwerver har keunstnerspraktyk gearkomt mei de ferwurking fan in yngripend, persoanlik barren. It útgongspunt foar de searje is in foto fan in berchgebiet, dy’t se sels nommen hat op ien fan har reizen. Op ferskate wizen wurdt it byld benei kommen en útdjippe om fragen te ûndersykjen oer lânskip, komposysje, foarm, materialiteit, taktiliteit en romtlikheid. De titel, ferwizend nei de siswize ‘in berch fersette’, slacht op de letterlike berch op ’e foto dy’t sawol fisueel ferpleatst wurdt as symboal stiet foar it omgean mei persoanlike feroaring.

Oer de keunstner
Joyce Zwerver (1990) studearre oan Akademy Minerva en it Frank Mohr Ynstitút yn Grins. Hja wennet en wurket yn Grins. Frou Zwerver har wurk manifestearret him yn monumintale ynstallaasjes en romtlike, skulpturale kollaazjes.

Foto: Wurk fan Joyce Zwerver út de searje ‘To Move Mountains’

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter