Op snein 8 maart 2026 – Ynternasjonale Frouljusdei – organisearje Museum Hearrenfean en Kleurryk Frouljusnetwurk Hearrenfean in iftar, spesjaal foar froulju yn ’e gemeente It Hearrenfean.
Fan 16.30 oant 20.00 oere binne froulju út alle kultueren wolkom yn it museumkafee fan Museum Hearrenfean. Meidwaan is fergees, mar oanmelde is wol needsaaklik. Dat kin troch in e-mail te stjoeren nei info@museumheerenveen.frl.
Kleurryk Frouljusnetwurk is in wurkgroep fan Stichting Caleidoscoop, dy’t al hast fjirtich jier froulju út ferskillende kultueren byinoar bringt. De wurkgroep bestiet út tolve entûsjaste froulju dy’t har út ferskate kultueren en leauwen wei frijwillich ynsette.
Iftar op Ynternasjonale Frouljusdei 2026
Om’t Ynternasjonale Frouljusdei yn 2026 middenyn de ramadan falt, is in grut feest net op syn plak. Yn stee dêrfan organisearret de wurkgroep dit jier yn gearwurking mei Museum Hearrenfean in (fergeze) iftar yn it museum. In iftar is in mienskiplik miel dat yn ’e fêstelmoanne troch moslims fuort nei sinneûndergong nuttige wurdt. De iftar yn Museum Hearrenfean is lykwols net inkeld foar moslima’s bedoeld, mar foar froulju fan alle kultueren. Fan dielnimmers wurdt ferwachte dat se sels iten meinimme om te dielen.

Utstalling oer Domela
Njonken de iftar kinne de oanwêzige froulju ek de útstalling oer Domela Nieuwenhuis (1846-1919) besjen, dy’t fan 7 febrewaris oant en mei 14 juny 2026 yn it museum is. De útstalling nimt jin mei yn it rûzige bestean fan Domela: dominy, revolusjonêr tinker en ynspirator fan tûzenen. Yn Museum Hearrenfean sjocht men hoe’t syn idealen fan frijheid, gelikensens en rjochtfeardigens ta in bliuwende krêft útgroeiden.
Spesjaal foar de gelegenheid is yn ’e hal fan it museum boppedat in pop-up moadeútstalling te sjen, mei klean út ferskillende kultueren.
Froulju fan tolve jier ôf út alle kultueren binne wolkom by de iftar. Sjoch foar mear ynformaasje op www.museumheerenveen.nl.
