Auke Tuinstra (28) fan Drachten en Ewout Schröder (30) fan Jirnsum ha it earste Fryske ljipaai fûn. Dat barde sneontemoarn op in stik lân fan boer Jan de Haan by Lúkswâld. De manlju fûnen it aai om 07.25 oere.
Tuinstra en Schröder seagen freedtemiddei al ferskillende ljippen yn it fjild, mar fûnen doe noch gjin aai. Dêrom giene se de oare deis betiid yn de moarnssinne op ‘en paad en troffen se wol in ljipaike oan. BFVW-foarsitter Keimpe Strikwerda en meiwurker Inge van der Zee fan it fûgelwachtersbûn kamen nei it fjild ta om it aai te lotterjen. De beide finers binne sneon ein fan de middei huldige troch kommissaris fan de Kening Arno Brok. Hja krigen de Sulveren Ljip útrikt op it Provinsjehûs yn Ljouwert.
Sneintemoarn binne de earste ljipaaien fan De Fryske Marren, Skylge en Ljouwert fûn. It frije fjild is yn dy gemeenten no ôfsletten.
Boarne: Omrop Fryslân
Foto: It earste ljipaai fan Fryslân yn 2025 (© BVFW/Facebook)