Ha goeie!

Dit giet oer ús. Goeie.frl is in plak dêr’t we de rykdom fan Fryslân diele wolle. De rykdom fan it Frysk en ús streektalen. It moaie fan kultuer, yn alles wat ús mienskip lokkich makket.

Goeie.frl is in posityf plak, dêr’t we alle dagen besykje om it bysûndere fan de Friezen en Fryslân te dielen mei oaren. Mei in oprop om mei te dwaan. 

Brûk de taal fan it hert, wês warber yn dyn omjouwing, doch mei oan inisjatyf yn de mienskip.

Wat bysûnder is fine wy yn Fryslân rillegau gewoan. Wy fan goeie.frl fine dat it gewoane eins hiel bysûnder is. En om soks fanselssprekkend te meitsjen roppe wy ús lêzers op om ek yn beweging te kommen! 

Brûke en meidwaan
Alle dagen de rykdom fan Fryslân
Kom ek yn beweging!

Fan de Silent Book Club oant de boekekroade. En fan eksposysjes oant de simmerske stedsfeesten. Lykas de aktiviteiten foar it Biltsk, it Stellingwerfsk en it Stedsfrysk.

Wat in podcasts, flochs en blochs binne der yn de eigen taal! Wy besykje de lêste bydragen hjir te dielen.

Doch mei en kom yn beweging: as frijwilliger, as stiper, as redaksjelid fan Goeie.frl!

Oer De Fryske Beweging

De Fryske Beweging is de organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en dy’t har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer.

De Fryske Beweging (DFB) is dwaande mei tal fan saken dy’t we fan belang achtsje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk. Dat dogge we ûnder oaren troch oerlis mei de polityk, organisaasjes te stypjen dy’t itselde neistribje as wy, troch kontakt te sykjen mei ynstânsjes dêr’t we mear omtinken foar it Frysk fan freegje en ús aktiviteiten yn de publisiteit te bringen.

DFB is mei-organisator fan de Fedde Schurerlêzing. Fierder rikt de DFB ien kear yn ’t jier de Fear yn ‘e Broek út en stjoere we no en dan Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t har op in bysûndere wize ynsette foar it Frysk. DFB hat in oear siden om minsken yn ’e kunde komme te litten mei it Frysk. DFB ek te finen op Facebook en XFoar fragen en opmerkingen kin maild wurde nei ynfo@fryskebeweging.frl.