Diel dit berjocht

Fryslân yn beweging; elkenien docht mei

Yn 2040 beweecht op syn minst trijefearn fan alle Friezen genôch. Dat is it útgongspunt fan de nije beliedsbrief sport ‘Fryslân yn beweging: elkenien docht mei’. De provinsje ynvestearret de kommende fjouwer jier hast 7,5 miljoen euro yn Fryske sporten, breedtesport en topsport.

“Foar in goede sûnens is bewege fan grut belang,” seit deputearre Femke Wiersma. “Dat jildt benammen foar ús jongerein. Dêrneist fyn ik de sosjale funksje fan sport hiel belangryk. Sporte bringt minsken fan alle leeftiden byinoar. Wy hoopje der de kommende jierren oan by te dragen dat safolle mooglik Friezen har sûn fiele en genôch bewege.” Provinsje Fryslân wol de goede rânebetingsten biede om in posityf en ynspirearjend klimaat foar sporten en bewegen te kreëarjen foar wichtige spilers, lykas gemeenten, sportferieningen en maatskiplike organisaasjes. Sport Fryslân ferfollet as netwurkorganisaasje foar sport en bewegen foar hiel Fryslân dêr in kaairol yn.

Sûnenskapitaal begjint by jeugd
De projekten skoalreedriden en kabouterkeatsen litte sjen hoe wichtich oft it is om it sporten foar bern oantreklik te meitsjen. Dy oandacht wol de provinsje fia de beliedsbrief Sport de kommende jierren mei trochgean. Kabouterkeatsen en skoalreedriden laten ta in soad entûsjasme by de jeugd en ta ekstra oanwaaks by keatsklups.

Fryske sporten fitaal hâlde
It fierljeppen, Frysk damjen, keatsen en skûtsjesilen, mar ek it reedriden, drage by oan de identiteit fan Fryslân. Wy wolle de Fryske kultuersporten mear op de ynternasjonale kaart sette. Wy helpe de Fryske sportbûnen by it goed trochtocht kiezen om de Fryske sporten takomstbestindich en fitaal te hâlden. Dêrneist moatte alle bern yn Fryslân yn oanrekking komme mei ien of mear Fryske sporten, ynklusyf it reedriden.

Fersterking Fryske sportferieningen
Fryslân hat in ryk ferieningslibben mei frijwilligers dy’t in soad (sport)aktiviteiten organisearje. Yn it ramt fan de breedtesport set de provinsje yn op it fersterkjen fan de organisaasjekrêft fan Fryske sportferieningen. Soks op basis fan mear gearwurking tusken ferieningen, mear stipe foar (nije) inisjativen en in profesjoneel netwurk. Mei in mearjierrich plan jout de provinsje mei Sport Fryslân en de Fryske gemeenten de tagonklikheid fan en it dielnimmen oan sporten ûnder de jongerein, de âlderein en minsken mei in beheining in ympuls.

Fryslân Topsportregio
Topsport NOORD stipet yn de trije noardlike provinsjes sporttalinten en topsporters en set topsport en talintûntwikkeling op de kaart by oerheden, ûnderwiis en bedriuwslibben. Mei it kontinuearjen fan de boekjiersubsydzje oan Topsport NOORD giet de Provinsje troch mei it ynvestearjen yn de trochûntwikkeling fan in duorsume ynfrastruktuer foar topsporters en talinten, mei It Hearrenfean as noardlik episintrum foar topsportûntwikkelingen. Dêrneist giet de Provinsje, yn ‘e mande mei de provinsjes Grinslân en Drinte en fiif noardlike gemeenten, troch mei it ynvestearjen yn de Noardlike Topsportaginda.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter